Piet Meertens

Ut Wikipedy
Piet Meertens
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Jacobus Meertens
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 septimber 1899
stoarn 28 oktober 1985
wurkpaad
berop/amt letterkundige, taalkundige en folkskundige
reden
  bekendheid
direkteur Meertens Ynstitút
offisjele webside
DBNL-profyl

Pieter Jacobus (Piet) Meertens (Middelburch, 6 septimber 1899Amstelfean, 28 oktober 1985) wie in Nederlânske letterkundige, dialektolooch en folkskundige. Hy is de oprjochter fan de Buro's foar Dialektology, Folkskunde en Nammekunde (it hjoeddeiske Meertens Ynstitút), dêr 't er oant syn pinsjoenearring fan yn 1965 direkteur wie. P.J. Meertens is as A.P. (Anton) Beerta ferivige yn de romansyklus Het Bureau fan syn meiwurker J.J. Voskuil.

Stúdzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meertens gie nei it Stedelijk Gymnasium Middelburg, studearre Nederlânsk yn Utert, en promovearre yn 1943 by C.G.N. de Vooys cum laude op it proefskrift Letterkundig leven in Zeeland in de zestiende en de eerste helft der zeventiende eeuw.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn stúdzje wie Meertens in pear jier learaar. Op 1 july 1930 kaam er yn tsjinst fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) as sekretaris fan de Dialektekommisje. Hy begûn dêr, mei mar twa meiwurkers, de dokumintaasje op poaten te setten. Hy boude in netwurk op fan twatûzen 'korrespondinten' yn it lân, minsken dy 't periodyk in fragelist ynfolje moasten.

Yn novimber 1934 stelde de KNAW in kommisje foar folkskunde yn, ek ûnder it sekretariaat fan Meertens. Sa lei er de grûnslach foar it ynstitút dat yn 1979 syn namme krije soe.

Foar, yn en nei de Twadde Wrâldoarloch wie er aktyf belutsen by de Phonologische Werkgemeenschap. Yn de twadde helte fan de fjirtiger jierren wie er ien fan de driuwende krêften efter de oprjochting yn 1950 fan de Algemiene Feriening foar Taalwittenskip (AVT), dy 't no noch bestiet.

Yn 1948 waard de Sintrale Kommisje foar Undersyk nei it Nederlânske Folkseigen oprjochte, dat it hiele terrein ynklusyf de nammekunde omfetsje soe.

Meertens syn oanhâldend krewearjen waard beleanne mei de funksje fan direkteur fan de Buro's foar Dialektology, Nammekunde en Folkskunde. Ek nei syn pinsjonearring yn 1965 hold er him dwaande mei de folkskunde oant in oerhaal him it wurkjen ûnmooglik makke.

Persoan en oertsjûgingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meertens (rjochts) rikt Priis foar literêre krityk út oan C.J.E. Dinaux (1968)

Meertens wie in progressive kristen, lid fan de lytse Kristlik Demokratyske Uny (CDU). Yn syn Uterter tiid (jierren tweintich) wie er bestjoerslid fan de Vegetariërsbond. Fierder sympatisearre er mei it antimilitarisme binnen de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. Meertens wie aktyf lid (hy besocht finzenen) fan it Nederlands Genootschap tot zedelijke verbetering der gevangenen. Hy wie befreone mei oare kristen-sosjalisten, lykas de sjoernalist Henk van Randwijk, de predikanten Willem Banning en Jan Buskes, en de dichter Fedde Schurer. Fan 1938 ôf wie er aktyf yn it Comité van Waakzaamheid, in groepearring fan keunstners en yntellektuelen tsjin it opkommend fassisme en nasjonaalsosjalisme, dêr 't Menno ter Braak de grutte ynspirator fan wie.

Meertens hinge lykwols ek it Grut-Nederlânsk tinken oan. Kultuergrinzen seine him mear as lânsgrinzen. Dy kultuergrinzen twongen Nederlanners en Flamingen ta gearwurking mei Dútsers. Mei demokratyske Dútsers doe 't it koe, mei de nazi's doe 't it moast. Meertens liet him sels troch de foarsitter fan syn beide kommisjes, de pro-Dútske heechlearaar Jan de Vries, oerhelje om yn it saneamde Lektoraat Nederlânske literatuer te screenen op Deutschfeindlichkeit, in aktiviteit dêr 't er yn 1972 fan sei dat er de gefolgen dêrfan net goed beseft hie. Meertens syn rol ûnder de besetting waard fan april 2005 ôf ûndersocht troch in kommisje fan trije laat fan skiedkundige Hermann von der Dunk, nei 't sosjolooch Hans Derks Meertens fan kollaboraasje en de KNAW fan dôfpottepolityk beskuldige hie. De kommisje konkludearre yn 2006 dat Meertens net "fout" west hie. [1]

Meertens wie ek aktyf mei de literatuer dwaande en publisearre op in soad terreinen. Nei de oarloch wie er redakteur fan De Vlam, dêr 't er befreone rekke mei Henriette Roland Holst. Mei de rest fan 'e CDU gie er yn 1946 oer nei de nije trochbraakpartij Partij fan de Arbeid. Syn kristendom waard oekumenysk.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jan Noordegraaf, 'Bloemen voor P.J. Meertens'. Mededelingen van het Frederik van Eeden-genootschap 51 (febrewaris 2007), 95.[2]
  • Saskia Daalder, Ad Foolen & Jan Noordegraaf, Taalwetenschap in Nederland. Zestig jaar AVT (1950-2010). Amsterdam: Stichting Neerlandistiek VU & Münster: Nodus Publikationen, 2010. (Uitgaven Stichting Neerlandistiek VU, 65). ISBN/EAN: 978-90-8880-018-4 / 978-3-89323-765-4.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. KNAW handhaaft naam Meertens Instituut, Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen, 16 okt. 2006
  2. Bloemen voor P.J. Meertens, Frije Universiteit Amsterdam