Springe nei ynhâld

Fryske dialekten

Ut Wikipedy
De dialekten fan it Westerlauwersk Frysk.

De Fryske dialekten binne de ferskate foarmen fan it Westerlauwersk Frysk. Der wurde tsjintwurdich acht fan sokke dialekten ûnderskaat, mei noch in njoggenden dy't útstoarn is. De fjouwer haaddialekten of fêstelândialekten, mei as wichtichsten it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, hawwe in grutte fersprieding en wurde rûnom sprutsen. Dizze taalfarianten binne ek maklik ûnderling fersteanber, mei mar inkele regionale wurdfoarmen dy't swierrichheden opsmite. Dêrnjonken besteane der noch fjouwer eilândialekten, dy't sterk yn har fersprieding beheind binne en troch mienskippen fan heechút inkele hûnderten minsken brûkt wurde. Troch har isolaasje wike dizze fjouwer lytse dialekten krekt sterk ôf, sadat se soms mar kwealk fersteanber binne mei it Standertfrysk, dat fierhinne opboud is út in mjuks fan Klaaifryske en it Wâldfryske eleminten.

Fêstelânfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klaaifrysk en Wâldfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Klaaifrysk.
De Wikipedy hat ek in side Wâldfrysk.

De fjouwer Fryske haaddialekten soe men oantsjutte kinne as Fêstelânfrysk, mei't se allegear útslutend op it fêstelân fan provinsje Fryslân (en yn in stikje fan Grinslân) sprutsen wurde. De wichtichste "dialekten" fan dizze groep binne it Klaaifrysk en it Wâldfrysk, twa soarten Frysk dy't sa opinoar lykje dat men eins better fan "taalfarianten" sprekke kin.

It Klaaifrysk.

It Klaaifrysk wurdt sprutsen yn 'e Klaaistreek, it noardwestlike part fan 'e provinsje Fryslân, dat rûchwei omjûn wurdt troch it wetterlân fan 'e Súdwesthoeke yn it suden, Ljouwert en de Alde Feanen yn it easten, it Bilt yn it noarden, it Waad yn it noardwesten en de Iselmar yn it westen. Dit dialekt wurdt sa neamd fanwegen syn taalgebiet, dêr't de grûn bestiet út fette seeklaai. It Wâldfrysk wurdt sprutsen yn 'e Wâlden, it eastlike part fan 'e provinsje, rûchwei tusken Dokkum yn it noarden, Ljouwert, de Alde Feanen en It Hearrenfean yn it westen en de Stellingwerven yn it suden. Yn it easten wurdt it begrinzge troch de provinsjegrins mei Grinslân en Drinte, útsein tusken Surhústerfean en Fryske Peallen, want dêr rint it Wâldfryske taalgebiet troch yn 'e provinsje Grinslân, yn 'e trijehoeke tusken de doarpen Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein. Krekt as it Klaaifrysk tanket ek it Wâldfrysk syn namme oan syn taalgebiet, dêr't beamwâlen brûkt wurde as ôfskieding tusken greiden en ikkers.

It Wâldfrysk.

Klaaifrysk en Wâldfrysk lykje sa opinoar dat net-Friezen it dreech fine soene en wiis de ferskillen oan. Foar Fryske memmetaalsprekkers is it lykwols daliks te hearren oft immen fan 'e Klaai of út 'e Wâlden komt. Dêrby jouwe fral de faak foarkommende wurdsjes "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by" in dúdlik synjaal ôf. Yn it Wâldfrysk wurde dy nammentlik útsprutsen wurde mei in [i], en rime se dus op "bry" (de Frânske tsiis). Yn it Klaaifrysk hawwe se lykwols de klank [ɛi̭], en rime se sadwaande op "brij". Fierders bestiet der in hast like bekend ferskil yn 'e útspraak fan 'e twaklanken "ei", "ai" en "aai". Dy wurde yn it Wâldfrysk krekt sa útsprutsen as yn it Nederlânsk, nammentlik as [ɛi̭], [ai̭], resp. [a:i̭]. Yn it Klaaifrysk, lykwols, wurdt de "ai" útsprutsen as koarte [ɔi̭], lykas yn it Dútske Leute, wylst sawol de "ei" as de "aai" reälisearre wurdt as de langere fariant [ɔ:i̭], dy't men yn it Frysk skriuwe kinne soe as "ôi". Mei oare wurden, yn it Wâldfrysk heart men yn 'e útspraak gjin ferskil tusken "ei" en "ij", wylst men yn it Klaaifrysk yn 'e útspraak gjin ferskil heart tusken "ei" en "aai". Dêrnjonken binne der noch ferskate oare, minder bekende útspraakferskillen (bgl. tusken it Klaaifryske tomme en it Wâldfryske tûme, en tusken it Klaaifryske neaken en it Wâldfryske nêken). Fierders besteane der ek noch wolteld 19 leksikale ferskillen, mei as bekendste it Klaaifryske sneon en it Wâldfryske saterdei.

It Noardhoeksk.
De Wikipedy hat ek in side Noardhoeksk.

It Noardhoeksk wurdt sprutsen yn it noardeasten fan 'e provinsje Fryslân, in gebiet dat rûchwei begrinzge wurdt troch de Lauwersmar yn it easten, it Waad yn it noarden, it Bilt yn it westen en in tinkbyldige line fan Ljouwert oer Burdaard en Dokkum nei Ingwierrum yn it suden. Dit dialekt wykt mar sa'n bytsje fan it Klaaifrysk ôf, dat it ek wol as de noardlike fariant dêrfan beskôge wurdt, ynstee fan as in selsstannige foarm fan it Frysk. It grutste ferskil tusken it Noardhoeksk en it Klaaifrysk is dat njonken de âldere en de nijere brekking yn it Noardhoeksk noch in trêde brekkingsfoarm trochfierd is, de saneamde Dongeradielster brekking. Dêrtroch seit men yn it Noardhoekske gebiet bygelyks fan muolle foar it Standertfryske "mûle" en buotter foar "bûter".

De Wikipedy hat ek in side Súdwesthoeksk.

It fjirde grutte dialekt, it Súdwesthoeksk (inkeld ek wol Súdhoeksk neamd), wurdt sprutsen yn 'e lânstreek dy't bekend stiet as de Súdwesthoeke, en dy't it súdwestlike part fan 'e provinsje beslacht. Dat is in gebiet dat begrinzge wurdt troch de Iselmar yn suden en westen, en yn it noarden en easten rûchwei troch in tinkbyldige line fan Warkum oer De Jouwer en It Hearrenfean nei Skoattersyl ta. It Súdwesthoeksk wykt folle sterker fan it Standertfrysk ôf as de oare trije haaddialekten. Foar in grut part komt dat trochdat yn it Súdwesthoeksk de saneamde nijere brekking (of Nijfryske brekking) nea trochfierd is, wylst dy yn 'e oare trije haaddialekten in promininte posysje ynnimt. Sadwaande seit men yn 'e Súdwesthoeke bygelyks bodskip foar "boadskip", futten foar "fuotten" en wurtels foar "woartels".

It Súdwesthoeksk.

Fierders hat it Súdwesthoeksk troch syn geografyske posysje troch de iuwen hinne in folle sterkere ynfloed fan 'e Hollânske dialekten en letter it Nederlânsk ûndergien. As gefolch dêrfan hat it Súdwesthoeksk yn in protte wurden in ú-klank dêr't it Standertfrysk in û-klank hat, lykas fúst ("fûst"), kút ("kût") en hús ("hûs"). Teffens ken it Súdwesthoeksk it taalkundige ferskynsel konsonanteklusterreduksje, wêrby't men yn wurden dy't mei ferskate konsonanten begjinne dêrfan ien of mear falle lit, lykas yn locht ("ljocht") en lauwer ("leaver"). Oare typysk Súdwesthoekske foarmen binne bygelyks iske foar "jiske", laakje foar "laitsje" en ronne foar "rinne".

Hoewol't se in relatyf grutte fersprieding hawwe, binne de fjouwer Fêstelânfryske dialekten frij homogeen fan aard. Allinnich it Noardhoeksk falt min ofte mear op te dielen yn in westlike fariant, it Westnoardhoeksk, dat sterk ûnder ynfloed fan it Wâldfrysk stiet en sadwaande guon Wâldfryske foarmen oernommen hat, en it in eastlike foarm, it Eastnoardhoeksk, dat it Klaaifryske taaleigen fierhinne beholden hat. Binnen it Klaaifrysk wykt regionaal sjoen inkeld it Bjirmsk, fan it âlde Barradiel, oan 'e Waadkust benoarden Harns, waarnimber ôf, mei foarmen as kou foar "ko" en rich foar "rêch". Yn it Wâldfrysk bestiet in beheinde mjitte fan taalfariaasje, dy't benammentlik delkomt op útspraakferskil. Sa wurde bygelyks yn it noarden wurden as "hiel" en "giel" útsprutsen as hiel en giel, wylst yn 'e rest fan it Wâldfryske gebiet (en yn alle oare Fryske haaddialekten) fan heel en geel sein wurdt. Regionaal wykt it Westereindersk, fan it doarp De Westerein, yn 'e noardlike Wâlden, lykwols fierwei it measte fan 'e rest fan it Wâldfrysk ôf. Dat subdialekt brûkt karakteristike foarmen as reen foar "rein" en Woden foar "Wâlden". En yn it Súdwesthoeksk nimt it Lemsterlânsk, út it eastlike part fan 'e gemeente Lemsterlân, in aparte posysje yn, mei't dêr ûnder Nedersaksyske ynfloed de Fryske hurde [ɡ] (fan "goed") ôfswakke is ta in [x] (fan "berch"), dy't nearne oars yn it Fryske taalgebiet oan it begjin fan in wurd foarkomme kin. In oar skaaimerk fan it Lemsterlânsk is dat it de oarspronklike "b" yn "hawwe" beholden hat, sadat de lju dêr fan habbe sizze.

It Aastersk.
De Wikipedy hat ek in side Aastersk.

It Aastersk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e doarpen Aasterein, Hoarne, Lies en omkriten, en teffens yn it eastlike part fan it doarp Formearum. Dêrmei beslacht it Aasterske taalgebiet de eastlike útein fan it Waadeilân Skylge (dêrfandinne de namme fan it dialekt dy't yn it Standertfrysk oerset wurde kinne soe as "Eastersk"). It ûnderskie tusken it Aastersk en it Standertfrysk is dúdlik waarnimber, mar ek wer net sa grut dat de ûnderlinge fersteanberens no drekt yn gefaar komt. De ferskillen lizze mar foar in lyts part op it mêd fan it leksikon, mei wurden as tae ("heit"), poeë ("beppe") en kiwyt ("ljip"). Nammenste mear ûnderskie is der op it mêd fan 'e klanklear. Sa hat Aastersk foarmen as trea ("trije"), jiw ("leaf"), snjoon ("sneon"), hoeng ("hûn") en jecht ("ljocht").

Fierders is it Aasterske ekwifalint fan 'e Fryske konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") de yn it Frysk net foarkommende [sx] (sch fan school), bgl. yn schiep ("skiep"), schôd ("skaad") en schruwer ("skriuwer"). Ek komme der yn it Aastersk seis ienlûden en seis twalûden foar dy't yn it Standertfrysk ûntbrekke. De stavering fan it dialekt wykt ek frijwat ôf fan it Standertfrysk; sa komt de letter g foar yn wurdeinige posysjes, lykas yn trog ("troch"), wurde de stomme r en l net stavere, lykas yn east ("earst") en sôt ("sâlt"), en wurdt de [y:] (de lange ú fan "drúf") skreaun as uu, lykas yn huus ("hûs") en sluus ("slûs").

It Skylgersk.
De Wikipedy hat ek in side Skylgersk.

It Skylgersk wurdt fan âlds sprutsen yn 'e flekke West-Skylge en omkriten, wêrmei't it taalgebiet fan dit dialekt de westlike útein fan Skylge beslacht (dêrfandinne dat dit dialekt ek wol Westersk neamd wurdt). It Skylgersk wurdt fan syn Aasterske susterdialekt skaat troch it taalgebiet fan it Midslânsk, in Hollânsk dialekt, dat de midden fan 'e Skylge omfiemet. Skylgersk en Aastersk lykje gâns opinoar, hoewol't der ek dúdlike ferskillen binne. Dêrby giet it benammen om oare lûden en yn mindere mjitte om ûnderskie op it mêd fan it leksikon.

It ûnderskie tusken it Skylgersk en it Standertfrysk is lykwols folle grutter, al is ek yn dit gefal it dialekt oer it algemien noch wol te folgjen foar in Frysksprekker fan 'e fêstewâl. De ferskillen tusken it Skylgersk en it Standertfrysk galmje dy tusken it Aastersk en it Standertfrysk sterk nei: guon lizze op it mêd fan it leksikon, mei wurden as ta ("heit") en poeë ("beppe"), mar mear geane de klanklear oan, mei foarmen as trea ("trije"), jeaf ("leaf"), snjong ("sneon"), hoeng ("hûn") en dir ("dêr"). Krekt as it Aastersk hat it Skylgersk de konsonantekluster [sx] (sch fan school), bgl. yn schiep ("skiep"), schôd ("skaad") en schroeër ("skriuwer"), ynstee fan 'e Fryske [sk] (sk fan "skoalle"). Ek de stavering hâldt fierhinne deselde regels oan as dy fan it Aastersk.

It Skiermûntseagersk.

Skiermûntseagersk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Skiermûntseagersk.

It Skiermûntseagersk is it dialekt fan it eilân Skiermûntseach, dat in stik minder nau oan it Standertfrysk besibbe is as de dialekten fan Skylge. It hat tige argayske grammatikale foarmen beholden, mei as wichtichste en bekendste foarbyld in namfallesysteem, en om't it dêrtroch ynteressant is foar taalkundigen, is it ien fan 'e bêst dokumintearre dialekten fan Nederlân. Oare opfallende skaaimerken op it mêd fan 'e grammatika binne de trije (ynstee fan twa) meartalsfoarmen (op -e, -s en -en); it ûntbrekken fan ferlytsingsfoarmen; en de mulwurdsfoarming op -ed, lykas yn heskôked ("hurdsean").

It Skiermûntseagersk hat troch de iuwen hinne in dúdlike ynfloed ûndergien fan 'e Nedersaksyske dialekten fan Grinslân, benammen fan it Hegelânsk en yn mindere mjitte fan it Westerkertiersk. Soks is bygelyks te merken oan it faak foarkommen yn it Skiermûntseagersk fan 'e typysk Hegelânske klanken "ai" en "au". Opmerklik is fierder dat ek it dit eilândialekt wer de konsonantekluster [sx] (sch fan school), lykas yn schúele ("skoalle") en schiimer ("skimer") hat, ynstee fan 'e Fryske [sk] (sk fan "skoalle"). Mar ek los fan sokke eleminten hat it Skiermûntseagersk in folslein eigen klankynventaris ûntwikkele, dy't it frijwol ûnfersteanber makket foar in Frysksprekker fan it fêstelân; ferlykje wurden as: beum ("boaiem"); eeuwnrast ("ûnrêst"); fieuwl ("fûgel"); jiet ("ljocht"); jocht ("rjocht"); oofgreeuwn ("ôfgrûn"); en scheeuwe ("skowe").

It Hylpersk.
De Wikipedy hat ek in side Hylpersk.

It Hylpersk wurdt oars as de oare Eilânfryske dialekten sprutsen yn it havenstedsje Hylpen, dat oan 'e westkust fan Fryslân leit, op in skiereilantsje dat oan trije kanten omjûn wurdt troch de Iselmar. Trochdat der iuwenlang frijwol gjin kontakt bestie tusken Hylpen en syn efterlân hat dit dialekt lykwols sa'n isolearre ûntwikkeling hân, dat it dúdlik ta it Eilânfrysk rekkene wurde moat. It Hylpersk hat in tige behâldende klanklear en wurdskat, dêr't in protte fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun is. Boppedat hat it troch de hannel mei de havenstêden oare kant de Sudersee lange tiid in sterke Hollânske ynfloed ûndergien.

It wichtichste ferskil mei it Standertfrysk is dat yn it Hylpersk de âldere en nijere brekking net trochfierd binne. Fierders is de l as dy tusken in lûd en in d of t stiet, oars as yn it Standertfrysk bewarre bleaun en net stom wurden; men seit fan aald ("âld") en saalt ("sâlt"), wêrby't dus de l útsprutsen wurdt. In oar ferskil is dat de troch-Fryske konsonantekluster [ʧ] (tsj fan "tsjûk") yn it Hylpersk net foarkomt; it Hylpersk hat as ekwifalint dêrfoar de [c] (tj fan "tjems"), dy't yn it Standertfrysk seldsum is. Sadwaande seit men yn it Hylpersk dus fan tjian ("tsjin") en tjep ("tsjep"). Boppedat wurdt dy klank dan noch faak fierder ôfswakke ta in [s], lykas yn serke ("tsjerke"), settel ("tsjettel") en sees ("tsiis"). Wol hat it Hylpersk, oars as de echte eilândialekten, de konsonantekluster [sk] (sk fan "skoalle") beholden. Fierders hat it Hylpersk in grut tal ienlûden en twalûden dy't net yn it Standertfrysk foarkomme, en wykt ek de stavering fan it dialekt wat ôf. Al mei al sil in sprekker fan ien fan 'e fjouwer Fryske haaddialekten der klauwen oan hawwe om in Hylpersksprekker nei te kommen.

De Wikipedy hat ek in side Molkwardersk.

It Molkwardersk wie it dialekt fan it doarp Molkwar, dat yn 'e Súdwesthoeke tusken Hylpen en Starum oan 'e Iselmarkust leit. It moat in tige behâldende foarm fan it Frysk west hawwe, dat nei alle gedachten in protte gemien hie mei it oanbuorjende Hylpersk. It waard yn elts gefal sprutsen oant yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw, mar rekke op syn letst om 'e midden fan dy iuw hinne yn it neigean en wie tsjin 1900 útstoarn.

Ferliking fan it Standertfrysk mei it Eilânfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden ien oant en mei tsien yn it Standertfrysk en de fjouwer meast ôfwikende (Eilânfryske) dialekten.

taal 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
Standertfrysk ien twa trije fjouwer fiif seis sân acht njoggen tsien
Hylpersk een twaa trê fèuwer
fouwer
fiiuw seks saan acht
akst
nèugen
nougen
tên
Skylgersk ien twae trea fjouwer fiif seks sôn acht njoggen tsjien
Aastersk ien twae trea fjouwer fiif seks sôn acht njuggen tsjien
Skiermûntseagersk iën twa trooi fjèuwer fiif seks saun acht njuegen tsiën

Skematyske dialektyske opbou fan it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skematyske opbou fan 'e Westerlauwersk Fryske dialektgroep sjocht der sa út:

Westerlauwersk Frysk
Eilânfrysk Fêstelânfrysk
Skylgereilânsk Skiermûntseagersk Suderseefrysk Súdwesthoeksk Klaaifrysk Noardhoeksk Wâldfrysk
Aastersk Skylgersk Hylpersk Molkwardersk † oar Súdwesthoeksk Lemsterlânsk oar Klaaifrysk Bjirmsk Eastnoardhoeksk Westnoardhoeksk Westereindersk oar Wâldfrysk

Op grûn fan gegevens út 2004 is foar de Fryske dialekten in skatting oangeande sprekkersoantallen dien. Dêrby is inkeld sjoen nei de Frysksprekkers yn 'e provinsje Fryslân en yn 'e oangrinzgjende trijehoeke Mearum-De Wylp-De Grinzer Pein, yn 'e provinsje Grinslân. Wat de Friezen om utens oanbelanget, binne der gjin gegevens beskikber oer hokker dialekten oft hja sprekke.

Fan alle Fryske dialekten hat it Wâldfrysk de measte sprekkers, sa'n 157.000 minsken, wat delkomt op krapoan 45% fan alle Frysktaligen yn Fryslân. Dat is yn dy sin opmerklik, om't yn 'e publike persepsje yn 'e regel oannommen wurdt dat it Wâldfrysk en it Klaaifrysk inoar sa'n bytsje yn lykwicht hâlde, wat sprekkerstal oangiet. It docht lykwols bliken dat de Wâlden in stik tichter befolke binne as de Klaai. It Klaaifrysk komt nammentlik op it twadde plak, mei sa'n 95.000 sprekkers, oftewol goed 27%. It byld feroaret trouwens sterk as it Noardhoeksk as in foarm fan Klaaifrysk beskôge wurdt; dan komt dat dialekt nammentlik op 134.000 sprekkers út, oftewol goed 38%.

De Fryske dialekten en har sprekkerstallen yn prosinten.

Nei de beide grutte dialekten folgje it Súdwesthoeksk en it Noardhoeksk op it trêde en fjirde plak, mei 58.000, resp. 39.000 sprekkers. Sa't te ferwachtsjen wie, bingelje de fjouwer Eilânfryske dialekten hielendal ûnderoan. It Skylgersk is dêrfan mei sa'n 400 sprekkers noch it grutste, folge troch it Hylpersk mei 300 sprekkers en it Aastersk mei 200 sprekkers. It lytst is it Skiermûntseagersk, dat tusken de 50 en 120 sprekkers hat (ôfhinklik fan hokker boarne oft men oanhâldt). Yn 'e ûndersteande tabel is ien en oar nochris oersichtlik út 'e doeken dien.

dialekt sprekkerstal % f.d. Frysktaligen
Wâldfrysk 157.000 44,80%
Klaaifrysk 95.000 27,10%
Súdwesthoeksk 58.000 16,70%
Noardhoeksk 39.000 11,00%
Skylgersk 400 0,11%
Hylpersk 300 0,09%
Aastersk 200 0,06%
Skiermûntseagersk 100 0,03%
totaal 350.000 100,00%

It Standertfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Standertfrysk.

Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde en de earste helte fan 'e tweintichste iuw is de Fryske standerttaal gearstald. De earste offisjele stavering datearret út 1879; foartiid skreau in elk mar sa't it him goedtocht. Dy earste stavering wie de saneamde Selskipsstavering, dy't yn 1948 ferfongen waard troch de Akademystavering (ek wol de âlde stavering neamd). Tsjintwurdich brûkt it Frysk de saneamde Steatestavering (oftewol de nije stavering), dy't yn 1980 ynfierd is.

By de standerdisaasje fan it Frysk hawwe it Wâldfrysk, as grutste dialekt, en it Klaaifrysk, dat fanâlds de heechste status hie (om't de Klaai it woltierichste diel fan Fryslân wie), fierwei de measte ynfloed hân. It Súdwesthoeksk waard frijwol bûten beskôging litten, wylst de fjouwer lytse dialekten der alhielendal part noch diel oan hân hawwe. Dochs bestiet der yn it Frysk in, foar in standerttaal, tige ûngewoane karfrijheid wat it wurdgebrûk oangiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)