Dyk en Waard
| Dijk en Waard | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Dijk en Waard (Dyk en Waard) is in gemeente yn West-Fryslân, yn 'e provinsje Noard-Hollân. De gemeente Dyk en Waard ûntstie op 1 jannewaris 2022 troch gearfoeging fan 'e eardere gemeenten Hearhugowaard (Heerhugowaard) en Langedijk.
De gemeente hat 91.469 ynwenners (1 jannewaris 2026) en bestiet út sechstjin kearnen, wêrfan't Hearhugowaard fierwei de grutste is. De doarpen – fan noard nei súd – Oudkarspel, Noord-Scharwoude, Zuid-Scharwoude en Broek op Langedijk wurde lykwols as ien gehiel beskôge ûnder de namme Langedijk, en wurde ek sa oanjûn op ferkearsbuorden. Mei sa'n 21.000 ynwenners kin dit beskôge wurde as de op ien nei grutste kearn fan 'e gemeente. Sint Pancras is mei lintbebouwing oan Broek op Langedijk fêstgroeid, mar wurdt oer it generaal noch as in apart doarp beskôge, dat sawol by de eardere gemeente Langedijk as by Alkmar heart.
Fúzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn septimber 2018 naam de gemeenteried fan Heerhugowaard in moasje oan wêryn't pleite waard foar in flugger ûndersyk nei in fúzje mei de buorgemeente Langedijk. Op 26 febrewaris 2019 namen de gemeenterieden fan beide gemeenten in beslút om ta in ambtlike fúzje te kommen; dizze fúzje waard op 1 jannewaris 2020 realisearre.
Op 11 maart 2020 kearden beide gemeenterieden it werindielingsadvys foar de fúzje goed. It provinsjebestjoer fan Noard-Hollân gie ein juny 2020 akkoart mei it foarstel ta gearfoeging.
Nei't advys frege wie fan 'e Ried fan Steat waard op 4 novimber 2020 in ûntwerp fan de weryndielingswet yntsjinne by de Twadde Keamer. Op 11 febrewaris 2021 gie de Twadde Keamer akkoart mei de werindieling. By de behanneling fan it wetsûntwerp waard in moasje yntsjinne troch it Keamerlid Snoeren (VVD) en it Keamerlid Van de Molen (CDA), wêryn't de takomstige gemeente oproppen waard om it draachflak foar de fúzje te evaluearjen en dêr, as dat nedich wie, neffens te hanneljen. Dy moasje waard oannommen. De Earste Keamer naam it foarstel op 13 july 2021 oan.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Plakken yn 'e gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Stêd | Doarpen | Buorskippen |
|---|---|---|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeente Dyk en Waard | ||
|---|---|---|
| Stêd: Hearhugowaard Doarpen: Broek op Langedijk • De Noord • Oudkarspel • Koedijk • Noord-Scharwoude • Sint Pancras • Veenhuizen • Verlaat • Zuid-Scharwoude Buorskippen: Broekhorn • Draai • 't Kruis • Frik • Kabel • Pannekeet | ||
| Gemeenten yn de krite West-Fryslân | ||
|---|---|---|
| Alkmar - Dyk en Waard - Drechterlân - Hoarn - Hollâns Kroan - Inkhuzen - Koggelân - Medemblik - Opmeer - Skagen - Stede Broec | ||
| Noard-Hollân | |
|---|---|
| Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort | |
| wizigje | |

