Springe nei ynhâld

Purmerein (gemeente)

Ut Wikipedy
Purmerein

It stedhûs foar't de fiver tichtsmiten waard
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
boargemasterEllen van Selm (D66)
sifers en geografy
haadplakPurmerein
grutste plakPurmerein
ynwennertal95.253 (1 jannewaris 2024)[1]
befolkingstichtens1015
oerflak96,63
● wêrfan lân93,73
● wêrfan wetter2,9
tal stêden1
tal doarpen6
ferkearsierenA7 N235 N244 N247
skiednis
oprjochte2022
foar 2022 Beemster
Purmerein
oar
netnûmer0299
postkoade1440-1448, 1481AR
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.purmerend.nl

Purmerein[2] of Poarmerein (Nederlânsk en offisjeel: Purmerend) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. De gemeente hat 95.253 ynwenners (, boarne: CBS) op in oerflak fan 93,73 km². Haadplak fan de gemeente is de stêd Purmerein.

De gemeente Purmerein is part fan de Ferfierregio Amsterdam en de Metropoalregio Amsterdam.

De kolleezjes fan Purmerein en Beemster sleaten op 4 septimber 2018 in bestjoerlik akkoard en fusearje op 1 jannewaris 2022. Yn 2020 stelden de gemeenterieden it weryndielingsadvys fêst foar de nije gemeente Purmerein. De definitive sjenswize en it weryndielingsadvys waarden yn juny 2020 troch Deputearre Steaten fêststeld en dêrnei oan de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes tastjoerd. It oanbelangjende wetsfoarstel waard op 21 febrewaris 2021 troch de Twadde Keamer en op 25 maaie 2021 troch de Earste Keamer oannommen.

De gemeente Purmereinbestiet út de folgjende kearnen:

KearnYnwenners
(1 jannewaris 2023)[3]
Middenbeemster5.570
Noordbeemster615
Purmernet bekend
Purmerbuurtnet bekend
Purmerein82.632
Westbeemster775
Zuidoostbeemster4.400

Fierder bestiet de gemeente út de buorskippen: Arenberg, Assummerbuurt, De Blikken Schel, De Zevenhuisjes, Halfweg, Het Hoekje, Hoornsche Keet en Klaterbuurt

Gemeentekaart fan de gemeente Purmerein

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Purmerein
Stêd:
Purmerein
Doarpen:
MiddenbeemsterNoordbeemsterPurmer (foar in part) • PurmerbuurtWestbeemsterZuidoostbeemster
· · Berjocht bewurkje
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje