Huzen (gemeente)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Huizen (gemeente))
Gemeente Huizen
Flagge fan de gemeente Huizen        Wapen fan de gemeente Huizen
(Flagge fan Huizen) (Wapen fan Huizen)
Lokaasje fan de gemeente Huizen
Provinsje Noard-Hollân
Boargemaster Fons Hertog (VVD)
Haadplak Huizen
Oerflak
- wetter
23,32 km²
-  7,5 km²
Ynwenners 41.233
Ferkearsieren A1, A27, N527
Netnûmer 035
Postkoades 1270-1277
Offisjeel webstee www.huizen.nl

Huizen is in plak en gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân, yn 'e lânstreek it Goai. De gemeente, dy't sûnt de Frânske Tiid bestiet, hat 41.233 ynwenners (31 maart 2015) en beslacht in oerflak fan 23,32 km².

Plakken binnen de gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buorskippen

  • Bikbergen
  • Krailo
  • Falkefean
  • Huzerhicht

Wiken

  • Bijvanck
  • Bovenmaat
  • Bovenweg
  • De Noord
  • De Zuid
  • Flevo
  • Huizermaat
  • Oostermeent
  • Sijsjesberg
  • Stad en Lande
  • Vierde Kwadrant
  • Westereng
  • Zenderwijk
  • Zuidereng

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp Huizen is bekend as earder fiskersdoarp, hoewol't pas oan de ein fan de 17e iuw de fiskerij ien fan de haadmiddels fan it bestean waard. Dêrfoar wienen benammen lânbou en hûsniverheid in belangrike libbensboarne. Hoewol it gemeentewapen fan Huizen, in molkfamke, wiist nei feehâlderij, wie der gjin sprake fan grutskalige feehâlderij. De earme sângrûnen fan it Goai hienen in soad dong nedich. Der wie mienskiplik gebrûk fan heide en greide, de saneamde meent-grûnen.
Huizen krige yn de 14e iuw syn namme, omdat it -nei de oerlevering- it earste doarp wie yn it Goai dat stiennen huzen hie. It meast protestantske Huizen is de hurdstgroeiende gemeente fan it Goai, mei ek de hurdstgroeiende bedriuwichheid.

Yndustry[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kalkûnen, yndustrieel monumint

De fiskerij hie syn bloei yn de 19e iuw, benammen neidat yn 1854 einlik in haven yn gebrûk nomd wurde koe. Ungefear 190 botters hienen Huizen as thúshaven. De Huzers fisken op de Sudersee en de Noardsee. De fiskerij makke ek in bloeiende fiskyndystry mooglik; yn it doarp Huizen stienen achttjin grutte fiskrikkerijen dy't foaral hjerring ta bokking ferwurken. Dizze bokking waard benammen eksportearre nei Dútslân. Troch de grutte fan de fiskferwurking, it grutte oantal fiskferkeapers en de besibbe yndustry lykas skipswerven en kuormakkers, wie Huizen yn de njoggentjinde iuw ien fan de wichtichste fiskerplakken om de Sudersee. Oan it begjin fan de 20e iuw wie de fiskerij al in stik minder; de oanlis fan de Ofslútdyk joech de genedeklap. Hjirnei hie Huizen it dreech en seach de takomst der benammen yn de tsiishannel der min út. Dochs is der noch altiten in grut tal tsiisferwurkjende yndystryen te finen, meast yn de eksportsektor.

Troch de goede lizzing fan Huizen oan de eardere Sudersee waard der yn de 19e iuw in grutte kalkfabryk boud. Der waarden skulpen neffens in bepaald prosedee ta (ûndwêste) kalk ferbaarnd yn grutte ovens. Ek blykten der grutte foarrieden fan kwalitatyf goed sân yn de grûn te sitten besuden it doarp by Huzerhicht. Huizen leit oan de ein fan de Utertske Heuvelrêch en de grutte foarrieden fan dit sân wiene de reden foar it ûntstean fan yndustry foar it bakken fan kalksânstien. De firma Rijsbergen (no: Xella) boude dêr in kalkstienfabryk. Sûnt 1925 hie men tastimming om yn it grut sân ôf te graven foar de kalkstienproduksje. De kalk kaam fan de earder neamde kalkûnen. It flakke gebiet oan de noardkant derfan (stedspark/wenwyk) is troch ôfgraving ûntstien. Sûnt 1972 is gjin fergunning ta ôfgraving mear jûn. It lêste sân is brûkt foar de ynrjochting fan it stedspark. It kalkfabryk ferdwûn yn it begjin fan de jierren tachtich út it havenbyld. De karakteristike ûneskoarstiens binne allegear ôfbrutsen yn 1989; inkele derfan binne noch werom te finen yn it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Op it âlde lânhaad fan de âlde Huzer haven is yn 1997 in restaurant ('De kalkovens') boud mei de orizjinele stiennen fan fjouwer kalkûnen dy't foarhinne inkele hûnderten meters fierder harren tsjinst dien hiene. Sa is in unyk stikje havenbyld bewarre. Ek is it efterlizzende fabryksterrein neist de âlde haven foar it grutstepart ferdwûn en hat romte makke foar wenningbou.

1:5 Replika 'Phohi'stjoerders

Yn de jierren 50 fêstige Philips him yn Huizen mei in grutte fabryk yn telekommunikaasjeapparatuer, mar dizze waerd yn de jierren '80 oerrnomd troch AT&T en Holland Signaal. It militêre diel gie nei Holland Signaal en it sivile diel gie nei AT&T. Holland Signaal hjit wyls Thales Groep. Holland Signaal wurke yn it ferline yn de mande mei de NSF oan kommumikaasje- en radarapparatuer foar de Nederlânske marine. De NSF yn Hilfertsom koe net mear útwreidzje en fêstige him dêrom yn Huizen. De keuze foel doe op Huizen fanwege it geunstige fêstigingsklimaat en de oanwêzichheid fan soartgelikense bedriuwen.

Yn de jierren '20 boude de NSF hjir mei Philips twa grutte stjoerantennes (wêrfan no noch in 1:5 replika stiet as monumint op de Rânewei). De 'stjoerderwyk' herinnert kwa strjitnammen en lizzing noch sterk oan dizze perioade. Op it plak fan de hjoeddeiske 'Phohi-flat' stienen de foar harren tiid tige krêftige Philips Omroep Holland Indië (Phohi) ultrakoartegolf-stjoerders. Dy waarden brûkt om kontakt te hâlden mei Nederlânsk-Ynje, 12.000 km(!) fierderop. De earste stjoerders waarden oprêden yn 1936 en letter waard de rest yn de earste maaiedagen fan 1940 troch de sjeny opblaasd. Yn 1947 gie de PHOHI oer yn Radio Nederlân Wrâldomrop en de lêste stjoerder (dy't nei de oarloch wer opboud wie) waard ûntmantele yn 1957. Wyls binne de measte telekomfabrikanten ferdwûn troch fúzjes, oernames en reorganisaasjes.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynwenners fan Huizen wienen en binne noch altiten fan meast protestantsk. Yn Huizen is de PKN (Protestantske Tsjerke yn Nederlân) fan grutte omfang. Dêrneist binne der sa'n tsien oare protestante tsjerkegenoatskippen. Mar dizze tsien binne fan lettere datum. Yn tsjinstelling mei oare gemeentes hat der yn Huizen nea in ôfskieding west. De inkele katoliken dy't der wienen moasten yn in doarp yn de buert tsjerkje. Mar sûnt 1949 is der in Roomsk-Katolike tsjerkemienskip. De earste tsjerke, de Fitustsjerke waard oan de Hooghuizenwei boud. De twadde tsjerke, de Thomastsjerke, stiet oan de Huzermaatwei.

Dracht en dialekt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huizen hie in tige eigen dracht mei in grutte wite earizer-sturtmûtse, dy't op snein droegen waard en eartiids ek op útgeansdagen. De saneamde deiske mûtse - sûnder sturt en earizer - waard isabee neamd. Sûnt ± 1930 is it dragen fan de Huizer dracht hurd minder woarn, om te begjinnen by de jeugd. Oant yn de jierren '90 fan de 20e iuw waard der lykwols noch troch de alderâldste froulju dracht droegen. Yn 2003 sieten der noch 5 kleandracht dragende froulju yn it soarchsintrum, wêrfan de jongste 88 jier wie en de âldste 101. Dizze froulju droegen allegear wol de 'rouferzje' fan de kleandracht. De manlike kleandracht wie al om 1930 ferdwûn. De lêste Huizer man dy't yn kleandracht rûn wie Driekus Westland. De lêste frou mei Huzer kleandracht - Evertje Horst-Wouda - ferstoar op 31-10-2006. Hja wie 104 jier âld. Huizen hat ek in dialekt, alhoewol't dit net folle mear sprutsen wurdt. It wurdt noch wol brûkt troch de âlderein en soms by toanielstikken fan de Huzer toanielferiening Ontwaakt.

Stoomtram[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1882 en 1958 wie der yn Huizen ek in tramhalte foar de Gooische Stoomtram (yn de folksmûle bekend as: De Gooische Moordenaar). Dit wie in tramtsjinst dy't fan it Weesperpoarstasjon yn Amsterdam nei Hilfertsom rûn. Yn de lêste jierren (tusken 1947 - 1959) waard der allinnich mar fracht oer ferfierd. Op de Naarderstrjitte stiet noch in húske dat brûkt waard as 'grinspost' op de gemeentegrins.

Bebouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de jierren hinne hat Huizen grutte feroarings ûndergien. Dêr't it ynearsten bekend stie as in fiskers- en boeredoarp, waard sûnt de ein fan de 19e iuw Huizen stadichoan foarme ta wat it no is.

Yn it begjin wienen it benammen fillawiken dy't yn de boskrike omjouwing fan Huizen boud waarden foar de forinzen út Amsterdam. Nei de oarloch begjint de útwreiding grutte foarmen oan te nimmen, sa waard Huizen yn 1967 oanwiisd as Goaiske groeikearn en waard de Oostermeent beboud. Yn 1995 waard it lêste bouprojekt starten: it 'Fjirde Kwadrant'. Opfallend binne wol de 'Piramide' wenningen en de 'Sfinxwenningen' lâns de Goaimar.

Haven

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Huizen hat sels in lokale omrop, 6FM. Foarhinne hiet dizze omrop Radio Phohi. It regionale deiblêd yn Huizen is De Gooi- en Eemlander. Huizen hat ek syn eigen wykblêd: Huizer Courant. Dan binne der noch trije fergese wyklikse hûs-oan-hûsblêden: Het Nieuwsblad voor Huizen, de Woonbode en Het Gooise Leven.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Huizen is mei de auto berikber fia de ôfrit "Blaricum/Huizen" op de A1 en fia de ôfrit "Huizen" op de A27. Fanôf de A1 rint de provinsjale wei 527 nei Huizen.

Busferfier

Yn Huizen rinne meardere buslinen dy't it plak ferbine mei de treinstasjons yn de buert. Sa is der in ferbining fan Hilfertsom (oer Huizen) nei Bussum en is Huizen fia aparte linen mei dizze plakken ferbûn. Al dizze linen wurde fersoarge troch busbedriuw Connexxion. Oersjoch buslinen:

  • 100: Bussum NS - Huizen - Blaricum Bijvanck - Hilfertsom NS
  • 101: Blaricum Bijvanck - Huizen - Naarden - Muiden - Amsterdam Amstel NS
  • 102: Blaricum Bijvanck - Huizen - Naarden - Muiden - Amsterdam Bijlmer Arena NS
  • 103: Huizen - Blaricum Bijvanck - Hilfertsom NS (spitsline, allinnich dizze rjochting)
  • 107: Huizen - Naarden - Bussum NS - Hilfertsom NS
  • 108: Huizen - Blaricum Doarp - Laren - Hilfertsom NS
  • 111: Huizen - Bussum NS
  • 114/115: stedslinen Huizen Busstasjon - wyk Stad en Lande - Huizen Busstasjon
OV te wetterferbining

Huizen hie ein njoggentiger jierren in Iepenbier ferfierferbining oer wetter tusken Almeare Haven en Huizen, neamd Aqualiner, mar dizze is ein septimber 2006 opheft.

Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen de gemeente binne der ferskate mooglikheden foar sport en rekreaasje. Sa biedt it sportpark De Wolfskamer plak oan de fuotbalklups SV Huizen en HSV De Zuidvogels. Beide spylje mominteel (2009-2010) yn de earste klasse A fan distrikt West, by elkoar yn de poule. Dizze beide fuotbalklups hawwe in soad rivaliteit, by de derby's tusken de klups binne de tribunes en alles om it fjild bomfol. Fierders sit de skiklup Wolfskamer sûnt 1976 op it sportpark, dêr't op in eigen boarstelbaan skyd wurde kin. Dy is de grutste fan Nederlân.

Oersjoch sportferienings:

Op it mêd fan oare rekreaasje binne der mooglikheden yn de bosken en Heide om Huizen. Yn de bosken leit ien fan de âldste iepenloftswimbaden fan it Goai: 'Swimbad de Sijsjesberg'. It swimbad is oprjochte yn 1953 en hat in offisjeel 50 meterbad.

Goaimarstrân

Omt Huizen oan de Goaimar leit hat it meardere jachthavens. Om de Goaimar biedt Huizen de measte lisplakken. It hat ek in eigen strân oan de Goaimar. Dit strân, dêr't ek by surfd wurde kin, wie der al foardat de wyk "Ooostermeent" der omhinne boud wie; it wie frijwat populêr ûnder surfers troch de fiergeande ûndjipte fan it wetter. Dêrom hjit dit strân yn de folksmûle it "surfstrân'. It strân en de Goaimar wurde befeilige troch de Huzer Rêdingsbrigade en de KNRM stasjon Huizen.

Berne yn Huizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jan Rebel (24 augustus 1885 - 8 septimber 1961) Bekende arsjitekt fan filla's en lânhuzen
  • Willem Oltmans (10 juny 1925 - 30 septimber 2004), Nederlânsk sjoernalist en skriuwer
  • Aart Zeeman (17 novimber 1956), Nederlânsk sjoernalist en presintator
  • Henry Meijdam (24 july 1961), Nederlânsk politikus
  • Eric Vloeimans (24 maart 1963), Nederlânsk jazztrompettist en muzikant
  • Pieter van Ede (30 novimber 1965), Nederlânsk hockeyer
  • Janne Schra (21 desimber 1981), Nederlânsk jazz-sjongster
  • Dolf van der Wal (21 july 1987), Nederlânske snowboarder

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Noard-Hollân
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort