Wâldrock

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wâldrock 2004

Wâldrock wie in jierliks metal-festival fan ien dei dat alle jierren yn Burgum holden waard op in terrein tusken Burgum en Hurdegaryp. It festival wie alle jierren. It festival begûn yn 1988 as in popfestival, mar sûnt 1991 spilen der benammen metal-, hardrock- en gothicbands. It festival waard om de sfear te bewarjen beheind holden ta maksimaal 12.000 minksen. Dochs hie Wâldrock yn 'e rin fan de tiid ferskate grutte bands, as Iron Maiden, Motörhead Slayer, Heaven & Hell en Rammstein hân. It festival waard alle jierren troch in Fryske band iepene. Yn juny 2010 waard bekend dat Wâldrock definityf ophâlde soe. Mei-inoar hawwe mear as 400 bands op Wâldrock spile.[1]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan "trochsneed"-festival nei metal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste trije jierren (1988, 1989 en 1990) wie it festival noch in 'trochsneed' muzykfestival mei bands as Claw Boys Claw, de Nits en Fatal Flowers. It besikersoantal lei yn dy jierren op sa'n 1500 minsken. Doe't yn 1990 it besikersoantal net langer oprûn mar sels wat mindere, waard de koers wizige. Wâldrock 1991 waard it kearpunt yn de programmearring fan it festival: Wâldrock waard in metalfestival. Foar de edysje fan dat jier waarden ûnder mear Sepultura en Mucky Pup kontraktearre. Dizze feroaring wie in gouden greep: it tal besikers gie fan 1400 yn 1990 nei ûngefear 3000 yn 1991. De organisaasje besleat de stevige line troch te setten. Yn de jierren dêrop groeide it festival nei in lytse 5000 besikers yn 1995. In dy jierren ferskynden bands as Morbid Angel, Venom, Bad Religion, Gwar, Napalm Death en The Gathering op ot poadium.

Trochbrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1996 makke it festival nochris in grutte stap. It besikersoantal ferdûbele nei sa'n 10.000 minsken. Foar in grut part kaam dit rekordoantal troch de line-up, mei grutte nammen as Ministry, Slayer, Fear Factory en Type O Negative. In jier letter waard befêstige dat Wâldrock in bekende namme is yn de festivalwrâld. Mei in bytsje mindere line-up as yn 1996 luts it festival dochs wer 7500 minsken. Ek yn 1998, 1999 en 2000 kamen 7500 minsken nei it festival. Publykslûkers wienen doe û.m. Dream Theater, Soulfly, Paradise- Lost, Sepultura en Mercyful Fate, The Kovenant, Nashville Pussy, Motorhead en Machine Head.

Meardere podia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wâldrock 2002 krige alwer in feroaring: der waard in twadde poadium by makke. Met de komst fan dit (lytsere) poadium ûntstie de mooglikheid om it programma te ferbreedzjen. Dat betsjutte, dat der dat jier fyftjin bands op Wâldrock spilen, wêrûnder Within Temptation, Tristania, Alec Empire, Kreator en Agnostic Front. De reden foar de komst fan it twadde poadium lei yn de omstandichheid dat it al in oantal jierren hieltyd slimmer waard om echt grutte nammen nei Burgum te heljen. Oarsaak hjirfoar wie diels dat de grutte bands hieltyd djoerder waarden, mar ek de tanimmende konkurrinsje yn de festivalwrâld hie dêrmei te krijen. Tusken grutte festivals yn binnen- en bûtenlân en benammen Ozzfest (oer de wrâld lûkend metalfestival mei grutte bands) bleau Wâldrock noch hieltyd in relatyf lyts festival, mei in dêrby passend lytser budzjet foar bands. De 2007 edysje hie sels trije poadia. Foar it festival hie dit fierders gjin grutte gefolgen. It maksimale besikersoantal bleau 12.000 minsken. Troch dizze lytsskaligens stiet Wâldrock nammentlik bekend as 'gesellich' en 'ûntspannen'.

Frijwilligers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wâldrock is in festival dat organisearre wurdt troch en draait op frijwilligers. Sûnder dizze frijwilligers, dy't harren mei hert en siele ynsette foar in goed ferrin fan it festival, soe it organisearjen fan Wâldrock ûnmooglik wêze. Boppedat soarget it entûsjasme fan de frijwilligers foar de gesellige sfear foar, ûnder en nei it festival.

Optredende bands[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De iepeningsband fan Wâldrock wie steefêst in Fryske band.

De organisaasje hat foar Wâldrock ferskate grutte bands nei Burgum helle. Ferneamde bands dy't op Wâldrock spile ha binne; Iron Maiden, Motörhead, Deftones, HIM, Apocalyptica, Dimmu Borgir, Megadeth en oare bekenden.

1988[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 10 septimber
Publyk: 1500 minsken.
Terrein: Autocrossterrein by Sumar
Bands: Doede Bleeker, Restless, Brimstone, De Dijk, Kobus gaat naar Appelscha, Claw Boys Claw en The Nits.

1989[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 8 july
Publyk: likernôch 1500.
Terrein: Sportfjilden Burgum.
Bands: Pigmeat, The Amp, Livin' Blues, Weekend at Waikiki, No Exqse, Fatal Flowers en Claw Boys Claw.
As earste haadact wie China Crisis kontraktearre, doe't dy ôfseine waard Fisher Z. regele. Mar op it lêst koe die ek net en waard Claw Boys Claw wêr frege.

1990[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 11 augustus
Publyk: likernôch 1500.
Terrein: Sportfjilden Burgum.
Bands: Reboelje, Jewel, Gringos Locos, Strawelte, Bad To The Bone, Tröckener Kecks, Kristi Rose and the Midnight Walkers en Pigmeat.

1991[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 22 juny
Publyk: likernôch 3000.
Terrein: Sportfjilden Burgum.
Bands: Glasnost, Skyclad, Incursion Dementa, Heathen, Scat Opera, Mucky Pup, Candlemass, Sacred Reich en Sepultura.

1992[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 4 july
Publyk: sa'n 3300 minsken.
Terrein: Sportfjilden Burgum.
Bands: Dust Devil, Messiah, Killer, Xentrix, Pestilence, Nuclear Assault, Paradise Lost en Morbid Angel.

1993[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 3 july
Publyk: likernôch 3700.
Terrein: Sportfjilden Burgum.
Bands: Megakronkel, Psychotic Waltz, The Gathering, Sevent Sign, Lawnmower Deth, Deicide, Toy Dolls, Voivod, Bad Religion en Death.

1994[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 9 july
Publyk: likernôch 4200.
Terrein: Terrein oan de Simmerwei, (skean tsjinoer de letter lokaasje).
Bands: Omission, Anathema, Skintrade, Gorefest, NOFX, Napalm Death, Sick of it All, Obituary en Gwar.

1995[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 24 juny
Publyk: sa'n 4500 minsken.
Terrein: Festivalterrein oan de Simmerwei, fân no ôf de fêste lokaasje.
Bands: Ancestral Sin, Madball, My Dying Bride, Pro-Pain, Benediction, Sick of it All, Machine Head en Venom

1996[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 29 juny
Publyk: 10.000 (útferkocht)
Bands: Hideous Sun Demons, Morbid Angel, Gorefest, Madball, Downset, Life of Agony, Type O Negative. Fear Factory en Slayer

1997[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 28 juny
Publyk: sa'n 7.000
Bands: Cone, Lagwagon, Grip Inc., Napalm Death, Cradle Of Filth, Biohazard, The Gathering, Rammstein en Megadeth.

1998[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 27 juny
Publyk: likernôch 8.000.
Bands: Pro-Pain, Dimmu Borgir, Obituary, Two, Soulfly, Paradise Lost (band) en Dream Theater.
Dat jier soene Marilyn Manson en Savatage ek komme mar die seine yn de wike foar wâldrock ôf.

1999[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dei: sneon 3 july
Publyk: in lytse 6.000 besikers.
Bands: My Minds Mine, Deviate, Urban Dance Squad, Altar, In Flames, Hammerfall, Immortal, Merciful Fate, S. O. D. en Sepultura

2000[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: Artvist, Cro-Mags, Demons & Wizzards, The Koventant, Machine Head, Madball, Marduk, Motörhead, Nashville Pussy, Slayer

2001[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: Apocalyptica, Biohazard, Dark Funeral, Deftones, Devin Townsend, Fantômas, Macabre, Opeth, Saxon, Spirit 84, Suicidal Tendencies

2002[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: After Forever, Agnostic Front, Akercocke, Arch Enemy, Autumn, DRI, Destroyer 666, Alec Empire, Hypocrisy, Kreator, Motörhead, Overkill, Room No. 13, Tristania, Within Temptation

2003[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: Annihilator, Anthrax, Blood For Blood, Clawfinger, Devoted To Hate, HIM, Iron Maiden, Katafalk, Lacuna Coil, Madball, Murderdolls, Peter Pan Speedrock, Sepultura, Stratovarius, Type O Negative

2004[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: Cannibal Corpse, Cradle Of Filth, Exodus, Fear Factory, Finntroll, Hatebreed, Monster Magnet, Moonspell, Mortuary IOD, My Dying Bride, Nevermore, Testament, Transport League, Twisted Sister, Within Temptation

2005[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strawelte spile yn 1990 en 2008 op Wâldrock.

Bands: Accept, Cephalic Carnage, Dimmu Borgir, DIO, Entombed, Epica, Icepick, Life Of Agony, Mastodon, Megadeth, Meshuggah, Metal Church, Scarve, Soilwork, Strapping Young Lad

2006[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 july 2006 wie de 19e edysje fan it festival. It wie ûnbewolke en ûngefear 28° Celsius, wêrtroch it publyk mei in túnslange wiet holden waard om ôfkuolje te kinnen. Yn de foarferkeap wienen ûngefear 6000 kaarten ferkocht. Bands: After Forever, Alice In Chains, Bloodsimple, Born From Pain, DevilDriver, Helloween, Kamelot, Motörhead, Nile, Shaboon, Soulfly, Stone Sour, Stream Of Passion (Arjen Lucassen a.k.a. Ayreon), Trivium, Y&T

2007[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it lange tiid ûnseker wie oft Wâldrock yn 2007 wol trochgean soe, waard yn febrewaris fan dat jier de knoop trochhakt en besletten dat it festival op lytsere skaal op 7 july holden wurde soe. Bands: Dead Horse Running, Testament, Within Temptation, Moonspell, Celtic Frost, Dropkick Murphy's, Vader, Aborted, Osdorp Posse & Laberinto, Gorerotted, Terror, Meshuggah, One Bullet Left, Moonsorrow, M.A.N, Obituary, Autumn, Monolith Deathcult, Marduk en Destruction (de lêste band ferfong W.A.S.P, dy't troch famyljeomstannichheden net komme koe.)

2008[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: Greyline, Dead by Stereo, Helmet, Pagans Mind, Forbidden, Hail of bullets, Rose Tatoo, Morbid Angel, Alchemist, Death Angel, Biohazard, Strawelte, Symphony X, Life of Agony, Hollenthon, Lordi, Queensryche, 1349 (band), My Dying Bride en Slayer as haadact.

2009[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bands: Blind Sight, Bring Me The Horizon, Carcass, Delain, Disintegrate, Dragonforce, Epica, Heaven & Hell, Killswitch Engage, Motörhead, Papa Roach, Pilgrimz, Trivium, Wolves In The Throne Room, Voivod, Legion Of The Damned, Napalm Death

2010[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De organisaasje hat de mooglikheden foar in trochstart fan Wâldrock sjoen. Benammen de grutte bands waarden foar de organisaasje te djoer. Dêrom waard yn juny 2010 definityf besletten om definityf op te hâlden mei Wâldrock.[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Wâldrock hâldt definityf op, Omrop Fryslân webside (sjoen op 26-06-2010)