Vader (band)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Vader
Ic queue music 48px.svg band
Vader yn 2011
Vader yn 2011
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Poland.svg Poalsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1983 -
label(s) Mystic,
Metal Mind,
Earache,
Impact,
Hammerheart,
Metal Blade,
Regain,
Nuclear Blast
âld-leden Vika (gitaar) (1983–1986)
Robert Bielak (sang) (1983)
Jacek Mehring (sang) (1984)
Daniel Markowski (drums) (1983–1984)
St. Snake (sang) (1984–1985)
Czarny (sang) (1985–1987)
Astaroth (bas) (1984–1989) †
Belial (drums) (1986–1987)
Jackie (bas) (1988–1993)
Docent (drums) (1988–2005) †
China (gitaar) (1991–1997)
Shambo (bas) (1993–2001)
Mauser (gitaar) (1997–2008)
Saimon (bas) (2002–2003)
Novy (bas) (2003–2008)
Daray (drums) (2005–2008)
Paul (drums) (2008–2011)
leden
Gitaar & Sang Peter
Gitaar Spider
Bas Hal
Drums James Stewart

Vader is in Poalske deathmetalband dy't yn 1983 oprjochten is yn de Poalske stêd Olsztyn. De bandnamme is ynspirearre op Darth Vader út de Star Wars filmsearje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vader waard foarme yn 1983, itselde jier as de alderearste deathmetal -pioniers Possessed en Death. Mar it duorre mar leafst njoggen jier foardat Vader syn offisjele debútalbum "The Ultimate Incantation" útbrocht. Yn 1998 wie Vader de earste band út it eardere eastblok dy't in platekontrakt tekene by in westersk label (metal blade). Yn maart 2005 ferliet drummer Docent fanwegen dranksucht. Syn plak yn de band waard ynnaam troch Daray. Fiif moanne letter ferstoar Docent ûnferwachts ta gefolch fan in hertynfarkt. Yn 2020 kaam harren tolfde studio-album út. In 2008 waard drummer Daray de nije drummer fan de Noarske blackmetalband Dimmu Borgir, mar hie syn bandmaten dêr net fan op de hichte brocht. Die moasten it op it ynternet fernimme krekt foar har 25 jierrich jubileum optredens. Der waard besluten net mei Daray as drummer fierder te gean, mar fertelden dat pas nei de optredens oan de band dat hja op syk gongen nei in oare drummer om't se de sfear fan it jubileum net ferpeste woene. Dy waard fûn yn Paul dy't op syn bar yn 2011 út de band stapte om famyljeredens. In nije drummer waard fûn yn de Ingelske drummer James stewart dy't oerkaam fan de band Divine Chaos. Vader hat op alle trije de grutte Fryske metalfestivals spiele, Wâldrock 2007, Dokk'em Open Air 2011 en yn 2014 stiene hja op it poadium fan Into the Grave, op it aldehouster tsjerkhôf yn Ljouwert.

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vader begûn as in heavy metalband, en gie úteinlik fia thrashmetal oer nei speedmetal, en ûntwikkele him yn 'e lette 1980's ta in deathmetalband. Har teksten binne ynspirearre op ûnderwerpen lykas religy, oarloch en gauris ek de wurken fan skriuwers as Howard Phillips Lovecraft en Friedrich Nietzsche.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
The Ultimate Incantation 16 novimber 1992 Earache
De Profundis 5 septimber 1995 Metal Mind An Act of Darkness
Black to the Blind 13 oktober 1997 System Shock Carnal / Black to the Blind
Litany 22 maart 2000 Metal Blade Xeper / North
Revelations 22 maaie 2002 Angel of Death (Thin Lizzy cover)
The Beast 8 septimber 2004 Beware the Beast
Impressions in Blood 23 augustus 2006 Mystic
Necropolis 21 augustus 2009 Nuclear Blast We Are The Horde
Welcome to the Morbid Reich 12 augustus 2011 Come And See My Sacrifice
Tibi Et Igni 30 maaie 2014 Where Angels Weep
The Empire 4 novimber 2016
Solitude in Madness 1 maaie 2020

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
The Darkest Age: Live '93 27 july 1994 System Shock
Live in Japan 30 desimber 1998 System Shock

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Reborn in Chaos 1996