Into the Grave

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Into the Grave
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Ljouwert.png Ljouwert (gemeente)
plak Flagge fan Ljouwert.png Ljouwert (stêd)
holden yn Aldehoustertsjerkhôf
tiid fan it jier mids augustus
bysûnderheden
ôfkoarting ITG
soarte evenemint muzykfestival
sjenre heavy metal
bestean 2011 – no
offisjele webside
intothegrave.nl

Into the Grave (Ingelsk foar: "It Grêf Yn") is in twadeisk muzykfestival dat elts jier op in freed en de dêropfolgjende sneon yn mids augustus holden wurdt yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1] Beide dagen komme der sa'n 5.000 minsken op it festival ôf.[1] It is wijd oan it hardrock-subsjenre heavy metal.[1] Nei't de plande edysje fan Into the Grave fan 2010 troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ferbean waard út eangst foar ûngeregeldheden, waard it evenemint foar it earst organisearre yn 2011.[2] Sûnt fynt it elts jier plak op it Aldehoustertsjerkhôf, yn 'e Ljouwerter binnenstêd. Hoewol't organisators Tjerk Maas en Paul van Berlo dat noch altyd in "supertoffe lokaasje" fine, hawwe ferskate swierrichheden al de kop opstutsen, benammen foar de edysje fan 2018.[1]

Yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 waard nammentlik oan 'e eastein fan it Aldehoustertsjerkhof it taalpaviljoen Obe boud. It gefolch dêrfan wie dat de romte dy't foar it hâlden fan Into the Grave beskikber is, flink ynkoarte waard. It festival koe sadwaande yn 2018 minder besikers talitte as de foargeande jierren, wylst it eins krekt grutter groeie woe.[1] Oan 'e wurknimmers fan Obe of fan Tresoar, oarekant de Grienedyk, lei it neffens de organisators net; dy letten en setten harren op alle mooglike manearen. It wie krekt de gearwurking mei de Gemeente Ljouwert dy't stûke.[1]

Sa woe Into the Grave graach in twadde poadium en in eigen camping hawwe dêr't de besikers oan it twadeiske evenemint oernachtsje koene. Sels seagen se beide graach yn 'e Prinsetún, fuortby it Aldehoustertsjerkhôf,[1] in idee dêr't kollumnist Pieter de Groot yn 'e Ljouwerter Krante tsjin fanwegen kaam.[3] De gemeente hie anno 2018 (noch) gjin thús jûn yn reäksje op dizze plannen fan Into the Grave, wat troch de organisators ynterpretearre waard as in faai teken.[1] Neffens Van Berlo beriedt de organisaasje him sadwaande serieus op in eventuële ferpleatsing fan it muzykfestival. Der wurdt bygelyks tocht oan it fleanfjild fan Drachten.[1] Neffens De Groot soe Into the Grave mei sa'n ferhuzing sawol de Gemeente Smellingerlân as de Gemeente Ljouwert in tsjinst bewize.[3]

Begjin novimber 2018 waard lykwols bekendmakke dat Into the Grave foarearst gewoan op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert bliuwe soe.[4] Dat kaam mei om't de gemeente ûnderwilens oanjûn hie it festival graach foar Ljouwert behâlde te wollen. Der wie dêrom ôfpraat dat der fan 'e edysje fan 2019 ôf njonken it poadium op it Aldehoustertsjerkhôf in twadde poadium komme soe fierder eastlik oan 'e Grienewei, op 'e hichte fan 'e Popbunker yn 'e Prinsetún. Van Berlo joech oan dat er dêrmei "de kommende twa jier wol foarút" koe.[4] Foar de edysje fan 2021 waard noch in nij plak socht, mooglik op 'e Werpsterhoeke of op it parkearterrein by it nije Cambuurstadion efter it WTC.[4] Fierders waard tagelyk ek bekendmakke dat Into the Grave mooglik al yn 2019 útwreide wurdt mei in trêde dei.[4]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Haagsma, Jacob, Into the Grave ontgroeit Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 10 augustus 2018, s. 33.
  2. ——, Metalfestival mag dit jaar doorgaan, yn: de Ljouwwerter Krante, 22 juny 2011.
  3. 3,0 3,1 Groot, Pieter de, Nu de Prinsentuin nog festivaliseren? Nooit!, yn: de Ljouwerter Krante, 11 augustus 2018, s. 16.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 ——, Into the Grave weer op Oldehoofsterkerkhof, yn: de Ljouwerter Krante, 8 novimber 2018, s. 34.