Sabaton

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sabaton
Ic queue music 48px.svg band
Logo fan Sabaton
Logo fan Sabaton
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Sweden.svg Sweedsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1999 – No
label(s) Black Lodge,
Nuclear Blast
âld-leden Richard Larsson drums (1999-2001)
Oskar Montelius gitaar (1999-2012)
Rikard Sundén gitaar (1999-2012)
Daniel Mullback drums (2001-2012)
Daniel Mÿhr toetsen (2005-2012)
Robban Bäck drums (2012-2013)
Thobbe Englund gitaar (2012-2016)
leden
Sang &
Toetsen
Joakim Brodén
Gitaar Chris Rörland
Gitaar Tommy Johansson
Bas Pär Sundström
Drums Hannes Van Dahl
Sabaton yn 2017

Sabaton is in Sweedske powermetalband oprjochte yn 1999 yn Falun, Dalarna. De band brocht yn 2005 syn debútalbum Primo Victoria út. De teksten fan de band gean benammen oer fantasy en kriich. Sabaton hat tsien studio-albums en seis live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sabaton waard oprjochte yn desimber 1999. Yn 2002 brocht de band de demo Fist for Fight út fia it Italjaanske platelabel Underground Symphony. Yn 2002 soe it debútalbum Metalizer útbrocht wurde mar it platelabel stelde dat ynearsten twa jier út. Sabaton die yntusken meardere show's yn Sweden omtrint dit album, mar it label brocht it album úteinlik hielendal net mear út. En Sabaton gie op syk nei in oar platelabel, dit waard Black Lodge, dêr waard yn 2005 it album Primo Victoria as debútalbum útbrocht, in album mei D-Day as tema. Yn 2007 kaam úteinlik dochs Metalizer noch út op it label Black Lodge, as tredde studio-album fan Sabaton, yn stee fan har debút-album.

Yn 2012 ferlieten de twa gistaristen en de drummer de band, allinne sjonger Joakim Brodén en bassist Pär Sundström bleaune oer. It fuortbestean fan de band hong oan in siden triedsje, mar Chris Rörland earder fan Nocturnal Rites en Thobbe Englund earder fan Raubtier op gitaar, en drummer Robban Bäck fan Twilight Force waarden ree fûn om de gatten yn de Sabatonbesetting op te foljen. Ein 2012 naam drummer Bäck in skoft fan de band om't er heit wurde soe. Hy waard úteinlik yn novimber 2013 ferfongen troch Hannes Van Dahl, earder fan Evergrey. op 25 july 2016, waard bekend dat gitarist Thobbe Englund de band ferlitten hie. Englund spile foar it lêst mei Sabaton op it Sabaton Open Air festival 2016; oan it ein fan dizze show waard Tommy Johansson presintearre as syn opfolger. Yn 2022 kaam it tsiende studio-album fan Sabaton út The War to End All Wars, in album mei de Earste Wrâldkriich as tema.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles Tema(s)
Primo Victoria 4 maart 2005 Black Lodge D-Day
Attero Dominatus 28 july 2006 Slach om Berlyn,
Religieus terrorisme,
Fal fan Srebrenica
Metalizer 16 maart 2007 Fantasy
The Art of War 30 maaie 2008 Cliffs of Gallipoli it boek De keunst fan it oarlochfieren fan Sun Tzu,
Slach om Frankryk,
Gallipolikampanje
Coat of Arms 21 maaie 2010 Nuclear Blast Coat of Arms,
Screaming Eagles
Gryksk-Italiaanske Kriich,
Slach om Bastogne,
Winterkriich
Carolus Rex 25 maaie 2012 Carolus Rex,
The Lion from the North
opkomst en ûndergong fan it Sweedske ryk
Heroes 16 maaie 2014 To Hell and Back,
Resist and Bite,
Night Witches
Twadde Wrâldkriich
The Last Stand 19 augustus 2016 The Lost Battalion,
Blood of Bannockburn,
Shiroyama
Ferlern Bataljon (Earste Wrâldkriich) US 77th Division,
Slach om Bannockburn,
Slach om Shiroyama
The Great War 19 july 2019 Fields of Verdun,
The Red Baron,
Great War,
82nd All the Way,
The Attack of the Dead Men (ft. Radio Tapok)
Earste Wrâldkriich
The War to End All Wars 4 maart 2022 Christmas Truce,
Soldier of Heaven,
The Unkillable Soldier,
Race to the Sea

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joakim Brodén yn 2019
Pär Sundström yn 2019
Album Utbrocht op Label
World War Live:
Battle of the Baltic Sea
5 augustus 2011 Nuclear Blast
Swedish Empire Live 20 septimber 2013
Live on the Sabaton Cruise 2014 2 oktober 2015 Chaos Reigns
Heroes on Tour 4 maart 2016 Nuclear Blast
20th Anniversary Show -
Live at Wacken
19 novimber 2021
The Great Show 1 desimber 2021

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Fist for Fight 2001
Metalus Hammerus Rex 18 april 2012
War and Victory:
The Best of Sabaton
2014

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: