Springe nei ynhâld

Sun Tzu

Ut Wikipedy
Sunzy

Sun Tzu (Huimin, 544 f.Kr. - 496 f.Kr.) (jiaxiang: Shandong, Huimin 山东惠民县) wie in Sineesk generaal en skriuwer fan it boek Sunzibingfa, dat is letterlik 'militêre strategy' ('De keunst fan it oarlochsfieren'), in boek dat no noch troch legeroffisieren, managers en in soad oaren lêzen wurdt. Hy wie in pakesizzer fan Sun Shu.

"Tzu" is in earetitel: syn foarnamme wie 'Wu 武'. Hy soe generaal west hawwe oan it hof fan kening Ho-Lu fan it keninkryk Wu. In ferhaal is dat him, neidat hy syn wurk oan de kening presintearre hie, frege waard oft syn tekst op eltsenien tapast wurde koe. Neidat hy dit befêstige hie krige hy de opdracht de 180 konkubines fan de kening te trenen. Dit slagge him yn ien sesje mei help fan in rigûreuze metoade: doe't de konkubines syn oarders in twadde kear net opfolgen, liet hy twa fan harren (dy't hy as oanierder beneamd hie) ûnthalzje. Dêrnei fierden de konkubines de opdrachten perfekt út.

Syn boek, Sunzi bingfa, waard yn de foarige iuw noch brûkt troch Jozef Stalin en Mao Zedong.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sun Tzu fan Wikimedia Commons.