Amon Amarth (band)
Amon Amarth | ||
band | ||
Logo fan Amon Amarth | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Sweedsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1992 - no | |
label(s) | Metal Blade | |
âld-leden | Niko Kaukinen (drums) (1992−1996) Anders Hansson (gitaar) (1992–1998) Martin Lopez (drums) (1996–1998) Fredrik Andersson (drums) (1998–2015) | |
leden | ||
Sang | Johan Hegg | |
Gitaar | Olavi Mikkonen | |
Gitaar | Johan Söderberg | |
Bas | Ted Lundström | |
Drums | Jocke Wallgren |
Amon Amarth is in Sweedske vikingmetalband yn 1992 ûntstien út de band "Scum".
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amon Amarth basearret it grutste part fan syn sjongteksten op Noardske mytology, de Wytsingetiid, en de foar-kristlike tiid, dy't tematysk in metal-styl omfetsje, bekend as vikingmetal. Vikingmetal ûntstie oarspronklik yn 'e lette 1980'er jierren en iere 1990'er jierren fan út de blackmetal, populêr makke troch bands lykas Bathory en Enslaved. hoewol't Amon Amarth, in deathmetalband is, wurdt harren muzyk faaks markearre as vikingmetal fanwegen syn tema's yn de teksten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1992 en 1997 brocht Amon Amarth inkele demo's en mini-cd's út. Yn 1998 tekene hja in kontrakt by "Metal Blade" dy't harren debútalbum "Once Sent from the Golden Hall" op 10 febrewaris 1998 útbrocht. Gitarist Anders Hansson ferliet de band en waardt ferfongen troch Johan Soderberg. Nei in toernee yn datselde jier ferliet drummer Martin Lopez om by Opeth spyljen te gean, en hy waard ferfongen troch Fredrik Andersson. Yn 1999 kaam it twadde album fan Amon Amarth út "The Avenger". Nei sân albums ferliet drummer Fredrik Andersson de band. It album "Jomsviking" dat yn maart 2016 útkaam, waard opnaam mei help fan sessydrummer Tobias Gustafsson. Septimber datselde jier presentearre de band Jocke Wallgren as harren nije drummer.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Once Sent from the Golden Hall | 10 febrewaris 1998 | Metal Blade | |
The Avenger | 2 novimber 1999 | ||
The Crusher | 8 maaie 2001 | Masters of War | |
Versus the World | 18 novimber 2002 | ||
Fate of Norns | 7 septimber 2004 | ||
With Oden on Our Side | 3 oktober 2006 | ||
Twilight of the Thunder God | 30 septimber 2008 | Guardians of Asgaard (mei Lars-Göran Petrov) | |
Surtur Rising | 29 maart 2011 | War of the Gods | |
Deceiver of the Gods | 25 juny 2013 | Warriors of the North | |
Jomsviking | 25 maart 2016 | Death in Fire 2016, First Kill, At Dawn's First Light | |
Berserker | 3 maaie 2019 | Raven's Flight, Crack the Sky | |
The Great Heathen Army | 5 augustus 2022 | Get in the Ring, The Great Heathen Army |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
Hymns to the Rising Sun | 8 septimber 2010 |