Baldrs Draumar (band)

Ut Wikipedy
Baldrs Draumar
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre metal
bestean 2008 -
webside www.baldrsdraumar.com
âld-leden Roodstaal (gitaar) (2009-2010)
Schaduwlied (toetsen) (2008-2013)
leden
Sang Wildgeraesch
Gitaar Vuurschpuwer
Bas Zuypschuyt
Drums Dondervuyscht

Baldrs Draumar is in Fryske folkmetalband út Noardeast-Fryslân. De teksten fan Baldrs Draumar geane oer it âlde Fryslân en de Noardske mytology. De band is neamd nei de noardske god Baldr dy't de soan is fan de oppergod Weda. Yn 2019 brochten hja harren fjirde album Magnus út yn kombinaasje mei in stripboek, tekene troch striptekener Skelte Siweris Braaksma. It fyfde album Njord folge yn 2022.

Drummer Dondervuyscht wie fan maaie 2022 oant oktober 2023 wethâlder yn de gemeente Noardeast-Fryslân.[1][2] Begjin desimber 2023 waard de drummer beëdige as twadde keamerlid.[3]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Forfedres fortellinger 25 novimber 2011 útbrocht yn eigen behear
Aldgillissoan 18 april 2015
Fan Fryslâns ferline 7 oktober 2017
Magnus 23 novimber 2019
Njord 19 novimber 2022

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: