Springe nei ynhâld

Death (metalband)

Ut Wikipedy
Death
band
Death yn 1989
Death yn 1989
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 19831996,
19982001
label(s) Combat,
Roadrunner,
Nuclear Blast,
Relativity
Relapse
leden
Gitaar & Sang Chuck Schuldiner
Gitaar Shannon Hamm
Bas Scott Clendenin
Drums Richard Christy

Death wie in Amerikaanske deathmetalband oprjochte yn 1983 yn Tampa, Floarida. Death hie in soad wikselingen fan bandleden, wêrby 't Schuldiner it iennige konsistinte lid wie. Yn 1987 kaam it debútalbum "Scream Bloody Gore" út. Death hie sân studio-albums, en trije singles útbrocht. Yn 2001 ferstoar gitarist en sjonger Chuck Schuldiner oan de gefolgen fan kanker, it betsjutte it ein fan Death.

Death waard oprjochte yn 1983 troch Chuck Schuldiner oarspronklik ûnder de namme “Mantas” yn Floarida, in jier letter waard de namme feroare yn Death. Death wie ien fan de mear bekende iere pioniers fan deathmetal, tegearre mei Possessed út Kalifornje. Yn 1984 waarden der in oantal demo's útbrocht en wiene der in ferskaat oan wikselingen fan bandleden. Chuck Schuldiner ferhuze yn 1985 nei de San Francisco Bay Area en begûn dêr eins folslein fannijs mei de band. De band brocht yn dy nije besetting wer in demo út, mar dat befoel dochs ek net, en ferhuzen se wer werom. Se ferhuzen ek noch ris nei Kanada, mar kamen nei twa wiken Kanada ek daalks wer werom. En dan ûntstiet der de earste stabile besetting fan de band, en yn 1987 komt it debút-album "Scream Bloody Gore" út. Al waard de earste opname fan dat album ôfkard troch it label dat it album moast op 'e nij opnaam wurde, en dizze kear waard it opnaam mei deselde produser dy't ek oan it album "Seven Churches" fan Possessed wurke hie. Yn 1988 brocht Death it album "Leprosy", en dêrnei folge der in striemin organisearre toernee. Yn 1990 kaam der wer in toernee, mar om't dy ek net goed organisearre wie, besleat Chuck Schuldiner om net mei te gean. Hy waard by dizze toernee ferfongen troch twa roadies, ta grutte skrik en ôfgriis fan Schuldiner. Yn 1991 brocht Death mei in tal sessymuzykanten en Gitarist Paul Masvidal as iennichste offisjele bandlid it album "Human" út. Mar ek dêrnei bliuwe de bandleden yn rap tempo wikseljen. Yn 1999 krijt Schuldiner de diagnose kanker. Yn 2001 komt Schuldiner dêr oan te ferstjêren, en dat betsjutte it ein fan Death.

cover/tributeband

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan begjin 2012 ôf toere eardere leden fan de band Death en oaren as cover/tributeband ûnder de nammen Death to All, Death (DTA) en Death (DTA Tours). Dizze acts wurde stipe troch Perseverance Holdings Ltd. fan de famylje Schuldiner, dy 't de erfenis fan Chuck Schuldiner beheart.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Scream Bloody Gore 25 maaie 1987 Combat
Leprosy 12 augustus 1988
Spiritual Healing 16 febrewaris 1990
Human 22 oktober 1991 Relativity
Individual Thought Patterns 22 juny 1993 The Philosopher
Symbolic 21 maart 1995 Nuclear Blast Empty Words
The Sound of Perseverance 15 septimber 1998 Spirit Crusher
Album Utbrocht op Label
Live in L.A. (Death & Raw) 16 oktober 2001 Nuclear Blast
Live in Eindhoven 30 oktober 2001
Live in Cottbus '98 11 novimber 2002
Vivus! 28 febrewaris 2012 Relapse

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
Fate: The Best of Death 1992