Sodom (band)
Sodom | ||
band | ||
Sodom yn 2018 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 1981 – No | |
label(s) | Metal Blade, Steamhammer, GUN, Drakkar | |
leden | ||
Bas & Sang | Tom Angelripper | |
Gitaar | Frank Blackfire | |
Gitaar | Yorck Segatz | |
Drums | Toni Merkel |
Sodom is in Dútske trashmetalband oprjochte yn 1981 yn Gelsenkirchen. De band brocht yn 1986 syn debútalbum Obsessed by Cruelty út. De band had in protte wikselingen yn de besetting hân. De teksten fan de band gean benammen oer satanisme, godslastering, kriich, de dea en polityk. Sodom hat sechstjin studio-albums en seis live-albums útbrocht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sodom waard yn 1981 oprjochten troch bassist Tom Angelripper, drummer Bloody Monster, sjonger en gitarist Aggressor. De band waard oprjochte as in wanhopich besykjen om te ûntkommen oan it wurkjen yn de koaleminen yn Gelsenkirchen. Bloody Monster waard al frij gau ferfongen troch Chris Witchhunter dy't in wichtige rol spyljen gie by it skriuwen fan de teksten. Ynspirearre troch bands as Iron Maiden, Judas Priest, Motörhead, Venom, Kiss, Tank, Accept, Raven, Rainbow, AC/DC en UFO. Aggressor ferlieet Sodom flak foar it útbringen fan de earste EP fan de band, hy waard yn earsten ferfongen troch Grave Violator mar die waard nei in jier al wer oan 'e kant setten foar gitarist Destructor, Wêrnei't de band yn 1986 harren earste album Obsessed by Cruelty útbrocht. De muzykstyl fan de band wie doe noch blackmetal. Net lang nei it earste album gie Destructor alwer fuort by de band om by Kreator te gean spyljen, syn ferfanger waard fûn yn Frank Blackfire dy't er foar soarge dat de muzykstyl fan de band feroare nei trashmetal. Yn 1987 kaam it twadde album út Persecution Mania neamd, it album wie al foar it grutste part yn de styl fan trashmetal al stiene der ek noch in oantal blackmetal nûmers op. Yn 1988 folge Agent Orange in folslein trashmetal album, it album sette Sodom stevig op de kaart tegearre mei Kreator, Destruction en Tankard as ien fan de fjouwer grutste Dútske trashmetalbands. Yn 1989 wiene der problemen binnen de band ta gefolch fan drankswietens en Frank Blackfire hie syn nocht der fan dat hy akseptearre it oanbod fan Kreator om dêr de twadde gitarist te wurden. Yn Michael Hoffmann earder fan Assassin waard in ferfanger foar Frank Blackfire fûn. Mar wilens it toernee yn Súd-Amearika yn 1991 besleat Hoffmann yn Brazylje te bliuwen, gitarist Andy Brings waard syn ferfanger. Yn 1992 kaam it album Tapping the Vein nei dit album waard drummer Witchunter ûntslein, syn ferfanger wie Atomic Steif earder fan Holy Moses. Oant 1995 bleau it ridlik rêstig yn de besetting fan de band Strahli waard doe de nije gitarist fan de band mar wie net lang lid, om't er yn 1996 oppakt waard fanwege drugs relatearre misdriuwen. Atomic Steif ferliet de band, dat se moasten op syk nei in nije gitarist en in oare drummer. Dizzen waarden fûn yn gitarist Bernemann en drummer Bobby earder fan Crows. Yn 2007 waard Sodom troch it label Steamhammer frêge om in CD yn de âlde line-up mei Witchhunter en Grave Violator te meitsjen dit waard it album The Final Sign of Evil, it lêste album dêr't Witchunter op te hearen is, hy ferstoar yn 2011 oan de gefolgen fan Lever problemen. Drummer Bobby ferliet yn 2010 de band en waard yn earsten ferfongen troch Makka en letter folge troch Husky earder fan Desaster. Yn 2017 kaam werom Frank Blackfire fan Kreator en gitarist Yorck Segatz kaam by de band. Yn 2020 moast drummer Husky de band ferlitte om't de band net mear te kombinearjen wie mei syn deistige wurk. Hy waard ferfongen troch Toni Merkel, hjirnei kaam it sechstjinde studio-album Genesis XIX út.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Obsessed by Cruelty | 9 maaie 1986 | Metal Blade | |
Persecution Mania | 1 desimber 1987 | Steamhammer | |
Agent Orange | 1 juny 1989 | Ausgebombt | |
Better Off Dead | 1 oktober 1990 | The Saw Is the Law | |
Tapping the Vein | 1 augustus 1992 | ||
Get What You Deserve | 10 jannewaris 1994 | ||
Masquerade in Blood | 1 juny 1995 | ||
'Til Death Do Us Unite | 24 febrewaris 1997 | GUN | |
Code Red | 31 maaie 1999 | Drakkar | |
M-16 | 22 oktober 2001 | Steamhammer | |
Sodom | 21 april 2006 | ||
The Final Sign of Evil | 28 septimber 2007 | ||
In War and Pieces | 19 novimber 2010 | ||
Epitome of Torture | 26 april 2013 | ||
Decision Day | 26 augustus 2016 | ||
Genesis XIX | 27 novimber 2020 |
Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Mortal Way of Live | 1 oktober 1988 | Steamhammer |
Live in der Zeche Carl | 1994 | |
Marooned Live | 1 septimber 1994 | |
One Night in Bangkok | 28 july 2003 | |
Lords of Depravity Part I | 2005 | |
Lords of Depravity Part II | 28 juny 2010 |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
In the Sign of Evil / Obsessed by Cruelty | 1 juny 1988 |
Sodomania | 23 oktober 1991 |
Ten Black Years - Best Of |
2 desimber 1996 |
The Art of Killing Poetry | 10 novimber 2010 |
30 Years Sodomized: 1982-2012 |
15 juny 2012 |
Official Bootleg - The Witchhunter Decade |
22 juny 2012 |
Days of Retribution | april 2016 |
Demonized | 20 juny 2017 |
Out of the Frontline Trench / Partisan | 20 novimber 2019 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|