Iron Maiden

Ut Wikipedy
Iron Maiden
band
Logo fan Iron Maiden
Logo fan Iron Maiden
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1975 - No
label(s) EMI,
Parlophone
âld-leden Bob Sawyer gitaar (1976-1976)
Terence Rance gitaar (1975-1976)
Dave Sullivan gitaar (1975-1976)
Ron Matthews drums (1975-1976)
Paul Day sang (1975-1977)
Tony Moore toetsen (1977)
Terry Wapram gitaar (1977-1977)
Thunderstick drums (1977)
Dennis Wilcock sang (1977-1978)
Doug Sampson drums (1978-1979)
Paul Cairns gitaar (1979-1980)
Paul Di'Anno sang (1978-1981)
Dennis Stratton gitaar (1980-1981)
Clive Burr drums (1978-1982) †
Blaze Bayley sang (1994-1999)
Paul Todd gitaar
leden
Sang Bruce Dickinson
Gitaar Dave Murray
Gitaar Adrian Smith
Gitaar Janick Gers
Bas Steve Harris
Drums Nicko McBrain
Iron Maiden yn 2017

Iron Maiden is in Ingelske heavymetalband út Londen. De band waard yn 1975 oprjochte troch Steve Harris, earder bassist fan Gypsy's Kiss en Smiler. De groep wurdt faak sjoen as ien fan de meast karakteristike en ynfloedrike fan harren streaming yn it heavymetalsjenre: de New Wave of British Heavy Metal. Iron Maiden brocht yn 1980 syn debútalbum Iron Maiden út. Fan de band binne yn totaal santjin studio-albums en trettjin live-albums ferskynd. Syn grutste súkses belibbe Iron Maiden yn de 1980-er jierren, benammen mei it album The Number of the Beast, út 1982, dat lieten as Run to the Hills en The Number of the Beast omfette.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iron Maiden waard yn 1975 om Krysttiid hinne oprjochte troch de bassist Steve Harris neidat syn earste bands, Gypsy's Kiss en Smiler, gjin ynteresse hiene yn Steve syn selsskreaune materiaal en net te sprekken wiene oer syn aktive omspringende hâlding op it poadium. In pear moanne nei de oprjochting waard gitarist Dave Sullivan opfolge troch Dave Murray, dy't sûnt dy tiid fêst lid is. Yn 1977 waard de earste sjonger Paul Day ferfongen troch Dennis Wilcock, dy't ferantwurdlik hâlden wurdt foar it ûntstean fan in eardere ferzje fan bandmaskotte Eddie. Wilcock waard yn 1978 ferfongen troch sjonger Paul Di'Anno. De band brocht yn 1980 harren earste folsleine album út, Iron Maiden. De leden yn de tiid fan it debútalbum wiene Steve Harris (bas), Dave Murray (gitaar), Clive Burr (drums), Dennis Stratton (gitaar) en Paul Di'Anno (sang).

Yn it neijier fan 1980 waard de gitarist Dennis Stratton ferfongen troch Adrian Smith, in goede freon fan Dave Murray. Yn 1981 brocht Iron Maiden syn twadde album út: Killers. It album Killers befette de earste hits fan de band.

Tsjin de ein fan 1981 waard sjonger Paul Di'Anno lykwols ûntslein troch bandlieder Steve Harris, fanwegen Di'Anno's oermjittige drugs- en drankgebrûk en oare omstannichheden. Di'Anno waard ferfongen troch sjonger Bruce Dickinson, dy't earder by Samson spile.

It earste album mei Bruce Dickinson, The Number of the Beast yn 1982, waard in grut sukses, en wurdt oant de dei fan hjoed beskôge as in absolute klassiker yn it heavy-metalgenre. It album kaam yn it Feriene Keninkryk sels fuortendaliks op nûmer 1 binnen. Nei it sukses fan en de earste wrâldtoernee fan The Number of the Beast, moast drummer Clive Burr de drumstokjes oerdrage oan Nicko McBrain.

Healwei 1993 ferliet sjonger Dickinson de band om oan soloprojekten te wurkjen. Iron Maiden hie in djiptepunt berikt. Yn 1994 waard de jonge Blaze Bayley oanlutsen om Dickinson te ferfangen. Mei dizze sjonger brocht de band twa albums út: The X Factor (1995) en Virtual XI (1998). Bayley bliek in talintearre artyst te wêzen, mar miste de útstrieling en foaral it stimfermogen fan Bruce Dickinson. It bliek dat Bayley allergysk wie foar beskate saken, wêrtroch't toernees ynkoarte wurde moasten. Begjin febrewaris 1999 naam de band ôfskied fan Blaze Bayley en makke bekend dat Bruce Dickinson werom kaam en as in ferrassing kaam ek gitarist Adrian Smith werom, mar syn opfolger Janick Gers bleau. Dit hie ta gefolch dat Iron Maiden tenei trije gitaristen telde.

Maskotte Eddie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maskotte Eddie

Eddie is de maskotte fan Iron Maiden. Hy stiet, op fjouwer útsûnderingen nei, op elke albumhoes. Hy ferskynt ek faak as in mear as libbensgrutte marionetpoppe by live-optredens.

Eddie's uterlik wie nea unifoarm, mar feroare yn 'e rin fan 'e tiid aardich, en waard tematysk oanpast oan elts nij album dat útbrocht waard. Karakteristike skaaimerken fan it gesicht, lykas it noasgebiet en de liploaze mûle mei losse tosken, bleaune altyd fierhinne behâlden.

De orizjinele Eddie wie mar in teätraal masker, dat te sjen is op de bandfoto's fan it earste Iron Maiden-album en op de hoes fan de single Running Free. By livekonserten wie de maskotte op it poadium ferbûn mei in pomp dy't ferskate soarten floeistoffen frijjaan koe. Eddie syn folsleine namme is Edward the Head, sjoch de tekst Edward T. H – op de hoes fan it album Live After Death. De rest fan syn efternamme is bedutsen mei in klute modder.

It Eddies-personaazje is ûntwurpen troch yllustrator Derek Riggs. Op de omslag fan de single Running Free út 1980 stiet in lang en meager somby-eftich wêzen op 'e eftergrûn. Doe't de band op syk wie nei in mooglike hoes foar harren earste album, kamen se yn oanrekking mei de yllustraasjes fan Derek Riggs. Dy soene úteinlik bydrage oan it artwork foar it Iron Maiden-album út 1980. De band fûn it aardich en fûn dat dat sjabloan oerienkaam mei hoe't it silhûet der oarspronklik útseach.

Derek Riggs gie fierder mei it meitsjen fan mear as 60 albumhoezen foar Iron Maiden, wêrûnder dy foar de earste acht studioalbums, trije live-albums en de boppeste helte fan de hoes foar 12e studio-album Brave new world Yn elts fan syn omslach yllustraasjes is der in no ferâldere logo brûkt, dat jild als hanteken fan Riggs - meast min ofte mear "ferburgen" yn de ôfbylding, dat in grafyske stilearring fan syn inisjalen D.R. The Brave New World-konsepten en byhearrende singles wiene it lêste wurk fan Derek Riggs foar Iron Maiden.

Eddie fynt himsels ek werom oan board fan de Ed Force One, in spesjaal omboud fleantúch wêrmei't de band by har wrâldtoernees reizge. Fan 2008 ôf ferfierde in Boeing 757 band en apparatuer nei harren optredens. By de The Book of Souls-wrâldtoernee yn 2016 brûkte de band in Boeing 747, ek mei Eddie op de sturt.

Ed Force One[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ed Force One yn 2016

Foar harren Somewhere Back yn Time wrâldtoernee yn 2008 en 2009 bestelde Iron Maiden in Boeing 757 fan Astraeus Airlines as transportmiddel. It fleantúch waard omboud ta in kombikonfiguraasje, wêrtroch't it de band, harren bemanning en poadiumproduksje ferfiere koe, wêrtroch't de groep optrede koe yn lannen dy't foarhinne logistyk ûnberikber achte waarden. It waard ek opnij ferve mei in spesjale Iron Maiden-kleurstelling, dy't de loftfeartmaatskippij besleat te behâlden nei positive feedback fan klanten. It fleantúch, waard nei in wedstriid op de webside fan de band Ed Force One neamd, en waard flein troch Dickinson sels, om 't er ek in kommersjele loftfeartpiloat wie.

In oar fleantúch (registraasje nûmer G-STRX) waard brûkt foar The Final Frontier-wrâldtoernee yn 2011 mei in wizige kleurstelling, wêrby't it ûntwerp fan it album The Final Frontier oernommen waard.

Foar The Book of Souls-wrâldtoernee yn 2016, de band opwurdearre nei in earder Air France Boeing 747-400 jumbojet, levere troch Air Atlanta Icelandic (registraasje nûmer TF-AAK) wêrtroch't der mear romte is sûnder dat it fleantúch in grutte ferbouwing hoecht te ûndergean om de band en syn útrêsting te ferfieren.

Yn jannewaris 2022 makke Bruce Dickinson bekend dat hy de Ed Force One net langer bestjoere sil, yn oankommende toernees. Neffens de Federal Aviation Administration (FAA) en de International Civil Aviation Organization (ICAO) moatte kommersjele piloaten yn de âldens fan 65 jier ferplichte mei pensjoen gean.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Iron Maiden 14 april 1980 EMI Running Free,
Sanctuary
Killers 2 febrewaris 1981 Twilight Zone,
Purgatory
The Number of the Beast 22 maart 1982 Run to the Hills,
The Number of the Beast
Piece of Mind 16 maaie 1983 Flight of Icarus,
The Trooper
Powerslave 3 septimber 1984 2 Minutes to Midnight,
Aces High
Somewhere in Time 29 septimber 1986 Wasted Years,
Stranger in a Strange Land
Seventh Son of a Seventh Son 11 april 1988 Can I Play with Madness,
The Evil That Men Do,
The Clairvoyant
No Prayer for the Dying 1 oktober 1990 Holy Smoke,
Bring Your Daughter... to the Slaughter
Fear of the Dark 11 maaie 1992 Be Quick or Be Dead,
From Here to Eternity,
Wasting Love
The X Factor 2 oktober 1995 Man on the Edge,
Lord of the Flies
Virtual XI 23 maart 1998 The Angel and the Gambler,
Futureal
Brave New World 29 maaie 2000 The Wicker Man,
Out of the Silent Planet
Dance of Death 8 septimber 2003 Wildest Dreams,
Rainmaker
A Matter of Life and Death 25 augustus 2006 The Reincarnation of Benjamin Breeg,
Different World
The Final Frontier 13 augustus 2010 El Dorado
The Book of Souls 4 septimber 2015 Parlophone Speed of Light,
Empire of the Clouds
Senjutsu 3 septimber 2021 The Writing on the Wall,
Stratego

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Live After Death 14 oktober 1985 EMI
A Real Live One 22 maart 1993
A Real Dead One 18 oktober 1993
Live at Donington 8 novimber 1993
Rock in Rio 25 maart 2002
BBC Archives 4 novimber 2002
Beast over Hammersmith 4 novimber 2002
Death on the Road 29 augustus 2005
Flight 666 25 maaie 2009
En Vivo! 26 maart 2012
Maiden England '88 25 maart 2013
The Book of Souls:
Live Chapter
17 novimber 2017 Parlophone
Nights of the Dead, Legacy of the Beast:
Live in Mexico City
20 novimber 2020

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Best of the Beast 23 septimber 1996
Ed Hunter 17 maaie 1999
Best of the 'B' Sides 4 novimber 2002
Edward the Great 4 novimber 2002
The Essential Iron Maiden 5 july 2005
Somewhere Back in Time
The Best of: 1980 – 1989
12 maaie 2008
From Fear to Eternity
The Best of 1990 – 2010
6 juny 2011

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: