Gojira

Ut Wikipedy
Gojira
band
Gojira yn 2017
Gojira yn 2017
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1996 – No
label(s) Gabriel,
Boycott,
Listenable,
Roadrunner
âld-leden Alexandre Cornillon bas (1996-1998)
leden
Gitaar &
Sang
Joe Duplantier
Gitaar Christian Andreu
Bas Jean-Michel Labadie
Drums Mario Duplantier

Gojira is in Frânske deathmetalband oprjochte yn 1996 yn Ondres, Nouvelle-Aquitaine. Gojira begûn ûnder de namme Godzilla. Fan 2001 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Gojira. De band brocht yn 2001 syn debútalbum Terra Incognita út. De teksten fan de band gean benammen oer lijen, de dea en spiritualiteit. Gojira hat sân studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gojira waard yn 1996 foarme ûnder de namme Godszilla yn Ondres, in doarpke yn de buert fan Bayonne, troch de bruorren Joe Duplantier, sjonger en gitarist, Mario Duplantier drummer, gitarist Christian Andreu en bassist Alexandre Cornillon. Bassist Cornilon ferliet ein 1998 de band, syn ferfanger waard fûn yn Jean-Michel Labadie. Begjin 2001 moast Godzilla de fanwegen copyrightproblemen de namme feroarje; der waard keazen foar de namme Gojira, de rōmaji stavering fan Godzilla. Op 19 maart datselde jier kaam harren debútalbum Terra Incognita út. Folge troch The Link yn 2003, it album mei de earste single fan Gojira, Indians. Nei it tredde album yn 2005 gie de band op toernee troch Frankryk, Belgje en Nederlân. En harren nije platelabel Listenable brocht it twadde album The Link op 'e nij út fanwegen de grutte fraach nei dat album. Nei twa albums by it Listenable label, tekene Gojira in kontrakt by Roadrunner. Yn 2015 rûnen de opnamen fan it sechsde album fertraging op en moast Gojira in tal optredens ôfsizze om't de mem fan de bruorren Duplantier slim siik wie en ferstoar. It album Magma kaam úteinlik yn juny 2016 út, yn 2021 folge troch it sânde album Fortitude.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bruorren Duplantier yn 2017
Gitarist Christian Andreu yn 2011
Bassist Jean-Michel Labadie yn 2013

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Terra Incognita 19 maart 2001 Gabriel
The Link 18 april 2003 Boycott Indians
From Mars to Sirius 27 septimber 2005 Listenable
The Way of All Flesh 13 oktober 2008
L'Enfant Sauvage 26 juny 2012 Roadrunner L'Enfant Sauvage,
Liquid Fire,
The Axe,
Explosia,
Born in Winter
Magma 17 juny 2016 Stranded,
Silvera
Fortitude 30 april 2021 Another World,
Born for One Thing,
Amazonia,
Into the Storm,
The Chant

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
The Link Alive 16 april 2004 Boycott
The Flesh Alive 6 juny 2012 Mascot
Les Enfants Sauvages 11 maart 2014 Roadrunner

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: