Alestorm

Ut Wikipedy
Alestorm
band
logo fan Alestorm
logo fan Alestorm
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 2004 – No
label(s) Napalm Records
âld-leden Graham Motion drums (2004-2005) †
Robin Hell sang (2004)
Jason Heeny bas (2006)
Doug Swierczek Drums (2006-2007)
Dani Evans bas & gitaar (2007-2015)
Ian Wilson drums (2007-2010)
Gavin Harper gitaar (2007-2008)
Tim Shaw gitaar (2008)
leden
Sang & keytar Christopher Bowes
Gitaar Máté Bodor
Toetsen Elliot Vernon
Bas Gareth Murdock
Drums Peter Alcorn
Alestorm yn 2018. Fan l. nei rj.: Máté Bodor, Elliot Vernon, Gareth Murdock, Peter Alcorn en Christopher Bowes.

Alestorm is in Skotske folkmetalband oprjochte yn 2004 yn Perth. Alestorm begûn yn 2004 ûnder de namme Battleheart fanôf 2007 is de band fierder gien ûnder de namme Alestorm. De band brocht yn 2008 syn debútalbum Captain Morgan's Revenge út. De teksten fan de band gean benammen oer drank en piraten. Alestorm hat sân studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De band waard oprjochte troch gitarist Gavin Harper en sjonger Christopher Bowes, oarspronklik wie de band in standert powermetalband, mar troch it sukses fan it nûmer "Heavy Metal Pirates" besleat de band om troch te gean mei in piratetema en folkmetaleleminten yn syn muzyk op te nimmen. Nei in perioade fan ynaktiviteit stjoerde Battleheart yn 2007 harren demo's nei it grutte Napalm Records, en de band krige fuortendalik in platekontrakt oanbean. Nei't Napalm Records tekene hie, feroare de band syn namme fan Battleheart yn Alestorm. It debútstudio-album, Captain Morgan's Revenge, waard begjin 2008 útbrocht. Yn april 2008 brocht de band de single "Heavy Metal Pirates" út, it nûmer dat op harren earste EP út 2006 stie. Yn septimber 2008 hie orizjineel lid gitarist Gavin Harper de band ferlitten. Hy waard opfolge troch Tim Shaw, mar nei in koart skoft fan toeren waard er ûntslein. Om de posysje fan de gitarist op te foljen, skeakele Dani Evans fan basgitaar oer nei gitaar en Gareth Murdock earder fan Waylander kaam by de band as ferfangende bassist. It twadde studioalbum fan de band Black Sails at Midnight waard útbrocht yn maaie 2009. Yn maart 2010 ferliet drummer Ian Wilson de band en waard ferfongen troch Peter Alcorn. Yn oktober 2011 foege Elliot Vernon him by de band as toetsenist. Dani Evans naam yn april 2015 ôfskied fan de band en waard ferfongen troch de Hongaarske gitarist Máté Bodor dy't earder by de band Wisdom spile. Yn juny 2022 komt it sande studio-album Seventh Rum of a Seventh Rum út.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Captain Morgan's Revenge 25 jannewaris 2008 Napalm Records
Black Sails at Midnight 25 maaie 2009 P Is for Pirate
Back Through Time 3 juny 2011
Sunset on the Golden Age 1 augustus 2014 Sunset on the Golden Age
No Grave But the Sea 26 maaie 2017 Alestorm,
Mexico
Curse of the Crystal Coconut 29 maaie 2020 Treasure Chest Party Quest,
Tortuga,
Fannybaws,
Pirate Metal Drinking Crew
Seventh Rum of a Seventh Rum 24 juny 2022 Magellan's Expedition,
P.A.R.T.Y.

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Live at the End of the World 15 novimber 2013 Napalm Records
Live in Tilburg 28 maaie 2021

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: