Springe nei ynhâld

Sepultura

Ut Wikipedy
Sepultura
band
Sepultura yn 2018
Sepultura yn 2018
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Brazyljaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre metal
bestean 1984 - no
label(s) Cogumelo,
New Renaissance,
Roadrunner,
SPV GmbH,
Nuclear Blast
âld-leden Wagner Lamounier (sang) (1984–1985)
Max Cavalera ''(sang & gitaar) (1985–1996)
Jairo Guedz
(gitaar) (1985–1987)
Igor Cavalera
(drums) (1984–2006)
Jean Dolabella
(drums) (2006–2011)
leden
Sang & Gitaar Derrick Green
Gitaar Andreas Kisser
Bas Paulo Jr.
Drums Eloy Casagrande

Sepultura is in Braziljaanske metalband oprjochte yn 1984 yn Belo Horizonte, troch de bruorren Cavalera. Der ha ferskate besettingswikselingen west; oprjochters Max en Igor Cavalera namen ôfskied út de band yn 1996 en 2007. It debútalbum fan Sepultura Morbid Visions waard yn 1986 útbrocht.

Sepultura waard oprjochte yn 1984 yn Belo Horizonte, de haadstêd fan Minas Gerais, Brazylje. De band waard oprjochte troch de bruorren Max en Igor Cavalera, soannen fan in begoedige Italiaanske diplomaat dy 't nei in fatale hertoanfal, syn famylje mei finansjele swierrichheden efterliet. It ferstjerren fan harren heit rekke syn soannen djip en waard de ynspiraasje foar harren om in band op te rjochtsjen. Nei 't se yn 1984 ek nochris fan skoalle stjoerd wiene.

Nei wat iere besettingswikselingen, ûntstie der in stabile line-up mei Max op gitaar, Igor op drums, sjonger Wagner Lamounier en bassist Paulo Jr.. Lamounier gie maart 1985 nei mieningsferskillen mei de band fuort. Nei syn fuortgean naam Max de sang oer. Jairo Guedz waard útnûge om him by de band oan te sluten as leadgitarist De band naam ferfolgens yn augustus 1986 harren earste album op, “Morbid Visions”.

Begjin 1987 ferliet Jairo Guedz de band. Guedz waard ferfongen troch gitarist Andreas Kisser, Sepultura brocht letter dat jier it twadde studio-album út, “Schizophrenia”. De band krige omtinken fan label Roadrunner, dy 't se tekene en “Schizophrenia” ynternasjonaal útbrocht foardat se de band ea persoanlik optreden sjoen hiene. It tredde studio-album fan de band, “Beneath the Remains”, waard útbrocht yn 1989. It album waard opnommen yn in studio yn Rio de Janeiro wylst de band fia tolken kommunisearre mei de Amerikaanske producer Scott Burns. In lange Europeeske en Amerikaanske toernee folge en befoardere de reputaasje fan de band, nettsjinsteande it feit dat se yn dy tiid noch tige beheind Ingelsk praten. De earste single fan it fjirde studio-album "Arise", út 1991 "Dead Embryonic Cells" wie in sukses, en it titelnûmer fan it album krige ekstra omtinken trochdat de fideo ferbean waard troch MTV America fanwege de apocalyptyske religieuze bylden. By in toernee yn 1991 en 1992 ta stipe fan "Arise", troude Max Cavalera mei Gloria Bujnowski, de manager fan de band.

Op de albums dy't yn de foar de band reedlik stabile jierren tusken 1993 en 1996 útkamen, feroare de muzyk fan Sepultura hielt in stikje mear fan trashmetal oer deathmetal nei nu-metal.

Yn augustus 1996 gie it mis, Sepultura spile op it “Monsters of Rock”-festival yn Castle Donington. De band wie ynienen in trije mans formaasje mei Andreas Kisser dy 't de sang die, nei 't Max Cavalera earder op de dei it festival terrein ferlitten hie, nei 't er hearde fan de dea fan syn styfsoan Dana Wells by in auto-ûngelok. Nei 't de begraffenis fan Dana Wells ôfrûn wie, kearde Max werom by Sepultura en ferfolge de toernee mei harren.

In pear moanne nei de dea fan Max syn styfsoan, hie de band in gearkomste mei Max en sei dat se harren manager Gloria Bujnowski, de frou fan Max en de mem fan Dana, ûntslaan woene en in nije manager sykje woene. Harren redenearring wie dat Bujnowski, Max in foarkarsbehanneling joech wylst sy de rest fan de bân ferwaarloazge. Max, dy 't noch hieltyd net yn it reine wie mei de dea fan Wells, fielde him sa ferret troch syn bandleden, omdat hja fan Bujnowski ôf woene dat er abrupt de bân ferliet. It lêste optreden fan Max Cavalera mei Sepultura wie op 16 desimber 1996 yn de “ Brixton Academy ” yn Ingelân.

Nei it oerhastich fuortgean fan Max Cavalera kundigen de oerbleaune leden fan Sepultura plannen oan om in nije sjonger te sykjen. Under sjongers dy 't audysje diene wiene Chuck Billy van Testament, Phil Demmel van Machine Head en Vio-lence, Marc Grewe fan Morgoth en Jorge Rosado fan Merauder. De Amerikaanske muzikant Derrick Green út Cleveland, Ohio, waard keazen as de nije frontman fan de band. It earste album mei de nije line-up wie “Against”, dat yn 1998 útbrocht waard.

It njoggende studio-album “Nation” dat yn 2001 útbrocht waard. Ferkocht net al te bêst. Dat de bandleden besleaten om Roadrunner te ferlitten en om te sjen nei in nij label. Dy waard fûn yn SPV it earste album dat ûnder dit label útbrocht waard wie “Roorback” yn 2003. Mar ek mei de ferkeap fan dit album woe it net flotte. Yn novimber fan 2005 waard in live cd útbrocht, “Live in São Paulo”. It earste offisjele live-album fan Sepultura.

Yn 2006 kaam it tsiende album fan Sepultura út. “Dante XXI” is in konsept-album basearre op Dante Alighieri's “The Divine Comedy”. Yn 2007 wurdt der suggerearre dat der in reüny op komst is mei Max Cavalera, nei 't Max yn in ynterview ferteld hie wer frede sletten te hawwen mei syn broer Igor, dy 't noch altyd drummer is by Sepultura, de geroften oer de reüny wurde ek fuorre troch gitarist Andreas Kisser. Mar yn stee fan in reüny ûntstiet der wer reboelje en Igor beslút om ek de band te ferlitten. Igor Cavalera waard ferfongen troch de Brazyljaanske drummer Jean Dolabella. Sepultura brocht yn 2009 it album “A-Lex” út. Dit wie it earste Sepultura-album dat net ien fan de Cavalera-bruorren befette, mei bassist Paulo Jr. as it iennichste oerbleaune lid fan it debútalbum fan de band.

Yn 2010 giene der op 'e nij geroften yn de rûnte fan in reüny dy ’t der oan siet te kommen, mar dizze geroften waarden alwer frij gau de kop yndrukt troch de hjoeddeistige bandleden. Yn 2011 ferliet drummer Jean Dolabella de band, hy waard ferfongen troch de 20 - jierrige Eloy Casagrande earder fan de Brazyljaanske hardcoreband Gloria.

By in show op Rio makke de band de namme bekend, en ûntbleate de hoes fan harren fyftjinde studioalakten, dat “Quadra” hjitte soe. Se spilen ek de earste single, "Isolation" neamd, dy 't ek it iepeningsnûmer fan it album is. Op 8 novimber 2019 brochten se de studioferzje fan "Isolation" út en kundigen de releasedatum fan “Quadra” oan. Sepultura soe it album promoatsje mei in toernee troch de Feriene Steaten; mar fanwegen de Covid -19 - krisis waard dizze toernee úteinlik ferpleatst nei 2022. Yn de Covid -19 krisis yn 2020 en 2021 brocht Sepultura yn 2021 in karantêne-gearwurkingsalbum út, titele “SepulQuarta”, mei bydragen fan leden fan Megadeth, Testament, Anthrax, System of a Down, Trivium en Sacred Reich.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Morbid Visions 10 novimber 1986 Cogumelo
Schizophrenia 30 oktober 1987
Beneath the Remains 7 april 1989 Roadrunner
Arise 2 april 1991 Arise,
Dead Embryonic Cells,
Under Siege (Regnum Irae)
Chaos A.D. 19 oktober 1993 Refuse/Resist,
Territory,
Slave New World
Roots 12 maart 1996 Roots Bloody Roots,
Attitude,
Ratamahatta
Against 6 oktober 1998 Against,
Choke,
Tribus
Nation 20 maart 2001
Roorback 27 maaie 2003 SPV
Dante XXI 14 maart 2006
A-Lex 27 jannewaris 2009
Kairos 12 july 2011 Nuclear Blast
The Mediator Between Head and Hands Must Be the Heart 29 oktober 2013 The Age of the Atheist
Machine Messiah 13 jannewaris 2017 I Am the Enemy
Quadra 7 febrewaris 2020 Isolation,
Last Time,
Means to an End
Album Utbrocht op Label
Under a Pale Grey Sky 22 septimber 2002 Roadrunner
Live in São Paulo 8 novimber 2005 SPV
Metal Veins -
Alive in Rock in Rio
20 septimber 2014 Eagle Rock
SepulQuarta 13 augustus 2021 Nuclear Blast

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
The Roots of Sepultura 29 novimber 1996
Blood-Rooted 3 juny 1997
B-Sides 1997
The Best of Sepultura 12 septimber 2006