Machine Head

Ut Wikipedy
Machine Head
band
Machine Head yn 2018
Machine Head yn 2018
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1991 – No
label(s) Roadrunner,
Nuclear Blast
âld-leden Tony Costanza drums (1991–1992) †
Logan Mader gitaar (1991–1998)
Adam Duce bass (1991–2013)
Chris Kontos drums (1992–1995)
Dave McClain drums (1995–2018)
Ahrue Luster gitaar (1998–2002)
Phil Demmel gitaar (2003–2018)
leden
Gitaar & Sang Robb Flynn
Gitaar Wacław Kiełtyka
Bas Jared MacEachern
Drums Matt Alston

Machine Head is in Amerikaanske metalband oprjochte yn Oakland (Kalifornje). Yn 1994 brocht de band syn debútalbum "Burn My Eyes" út. De earste fjouwer albums leveren de Machine Head in groeiende skare fans op yn Jeropa , mar de band soe pas by lettere releases sukses hawwe yn de Feriene Steaten. Machine Head hat tsien studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 waard Machine Head oprjochte troch Robb Flynn, dy 't earder spile by Vio-Lence en Forbidden. Trije jier letter brocht de band syn debútalbum út, in album dat opfoel troch de mjuks fan thrashmetal mei groove oriïntearre hardcore punk. Yn dy perioade stiene se tegearre mei bands as Biohazard, Napalm Death, Obituary en Slayer op it poadium.
Nei in tal wikselingen yn de besetting fan de band kaam yn 1997 harren twadde album The More Things Change... út. Ek nei it útbringen fan it twadde album bleaune de ledewikselingen inoar opfolgjen, sa waard gitarist Logan Mader ferfongen troch Ahrue Luster. Yn 1999 folge it album The Burning Red.

Mei harren yn 2001 útkommen cd Supercharger wisten se in wat rommer publyk te berikken. Troch de oanslaggen fan 11 septimber 2001 waard yn de Feriene Steaten de promoasjekampanje fan it album ûnderbrutsen. Yn 2003 brochten se dan harren earste live-album Hellalive út.

Yn juny 2013 kundige de band oan dat Jared MacEachern de nije bassist waard. MacEachern spile earder al mei oan de band tijdens The Black Tyranny Tour yn 2007, as ferfanger fan de doetiidske bassist.

Op 28 septimber 2018 sette Robb Flynn in livefideo op Facebook om út te lizzen dat Demmel en McClain earder yn de wike Machine Head ferlitten hiene, mar dat se beide de hjersttoer mei de band ôfmeitsje soene. De oankundiging waard ûnrjochtlik troch sjoernalisten rapportearre as in ûntbining, fanwegen Flynn's ferwizing nei de hjoeddeistige rige shows as in "ôfskiedstoer". Flynn ferdúdlike letter dat it "de afskiedstoernee fan dizze line-up wie, dit tiidrek fan Machine Head. Dit is net de ôfskiedstournee fan Machine Head". Yn 2019 kundige de band, gitarist Wacław Kiełtyka earder fan Decapitated en earder Devilment-drummer Matt Alston oan as harren ferfangers.

Muzykstyl en ynfloeden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De muzyk fan Machine Head wurdt benammen beskreaun as groove metal, thrash metal, heavy metal en nu metal. De band is beynfloede troch Kalifornyske thrash metal bands lykas Metallica, Exodus, Slayer en Testament, tradisjonele heavy metal bands as Iron Maiden, cross-over thrashbands Suicidal Tendencies en Cro-Mags, groove metalbands Pantera, Exhorder en Fear Factory, en grungebands Nirvana, Soundgarden en Alice In Chains.

Harren iere albums Burn My Eyes en The More Things Change... litte in groove metal en thrash metal oanpak sjen, ferlykber mei bands as Pantera en Exhorder. De band feroare syn muzikale rjochting foar de albums The Burning Red en Supercharger, dy 't beskreaun binne as nu-metal. Machine Head kaam mei Through the Ashes of Empires werom nei de groove metal en thrash metal lûd fan de earste twa albums. Machine Head ferhege de kompleksiteit en technisiteit yn syn lûd foar it folgjende album, The Blackening, dat it lûd fan harren earste 5 albums foar in part feroaret ta geunste fan in mear klassyk heavy metal en thrash metal oriïntearre lûd, mei folslein komplekse songstruktueren en gitaarriffs. Unto the Locust befettet swierdere, fluggere en kompleksere riffs fan sawol Flynn as Phil Demmel, beynfloede troch klassike muzyk en stipe troch flugge en komplekse drumpartijen fan McClain. Dit is ek it earste Machine Head-album mei blastbeats.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Burn My Eyes 9 augustus 1994 Roadrunner Davidian,
Old
The More Things Change... 25 maart 1997 Ten Ton Hammer,
Take My Scars
The Burning Red 27 july 1999 From This Day,
Silver,
The Blood, the Sweat, the Tears
Supercharger 2 oktober 2001 Crashing Around You
Through the Ashes of Empires 16 desimber 2003 Imperium,
Days Turn Blue to Gray
The Blackening 27 maart 2007 Aesthetics of Hate,
Now I Lay Thee Down,
Halo
Unto the Locust 27 septimber 2011 Locust,
Darkness Within
Bloodstone & Diamonds 10 novimber 2014 Nuclear Blast Killers & Kings,
Now We Die
Catharsis 26 jannewaris 2018
Øf Kingdom And Crøwn 26 augustus 2022 Arrows in Words from the Sky

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Hellalive 11 maart 2003 Roadrunner
Machine Fucking Head Live 13 novimber 2012
Burn My Eyes (Live in the Studio 2019) 2019 Nuclear Blast
Live at Dynamo Open Air 1997 19 july 2019 Dynamo

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: