Springe nei ynhâld

Hell (Britske band)

Ut Wikipedy
Hell
band
Hell yn 2015
Hell yn 2015
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre metal
bestean 1982 - 2018
label(s) Nuclear Blast
âld-leden Dave Halliday sang&gitaar (1982-1987) †
Shaun Kelley gitaar (1986-1987)
Martin Walkyier sang (2008-2010)
leden
Sang David Bower
Gitaar Andy Sneap
Gitaar Kev Bower
Bas Tony Speakman
Drums Tim Bowler

Hell wie in Ingelske NWOBHMmetalband oprjochte yn Nottingham en wie aktyf tusken 1982 en 2018. De band brocht pas yn 2011 syn debútalbum Human Remains út. De teksten fan de band gean benammen oer de duvel, anty-kristendom en it okkulte. Hell hat twa studio-albums útbrocht.

Hell waard yn 1982 oprjochte troch eardere bandleden fan de bands Race Against Time en Paralex. Se tekenen in kontrakt mei it Belgyske platelabel Mausoleum Records, mar twa wiken foar't de band mei de opnamen fan harren debút-album los gean soene rekke it platenlabel yn it fallisemint. Guitarist Kev Bower besleat hjir op de band te ferlitten, hie waard ferfongen troch Sean Kelley, mar de band foel nei net al te lange tiid yn 1987 útinoar. Dat late der ta dat sjonger Dave Halliday himsels te koart die.

De oerbleaune orizjinele leden fan Hell kamen yn 2008 wer byinoar om einlings harren debút-album op te nimmen, mei de titel Human Remains. Sabbat-leden Martin Walkyier en Andy Sneap stimden dermei yn om op it album te spyljen om respektyflik de sang- en gitaar-partijen fan Dave Halliday te replisearjen. Hoewol't Walkyier in pear jûnen bestege oan it opnimmen fan testfokalen foar ferskate nûmers op it album, waard dit proses stopset doe 't dúdlik waard dat syn fokale styl en wat bittere timperamint net passend wiene foar de band Hell.
Kev Bower's broer David (wurksum as toaniel - en telefyzjeakteur) waard frege om in voice-over te dwaan foar it nûmer Plague And Fyre en heakke him dêrnei by de band as sjonger, wêrby't er alle sjongpartijen opnij opnaam. Sneap waard ek in fêst lid fan de band.

De band slagge der yn om it album Human Remains op 13 maaie 2011 út te bringen. De nije line-up spile harren earste optreden yn de MFN-klup yn Nottingham op 20 maaie 2011, mei nûmers fan it album Human Remains mar ek it nûmmer bedtime fan de band Race Against Time's as earbetoan oan de ferstoarne sjonger David Halliday. Dit waard folge troch in rige festivalshows yn Jeropa en it Feriene Keninkryk, ynklusyf in optreden op it Into The Grave Festival op 11 augustus 2012 yn Ljouwert.

Yn 2014 waard Human Remains opfolge troch it album Curse & Chapter ek wer folge troch in toernee, mar nei 2017 waard it stil rûn de band yn 2018 waard dúdlik dat de band wer útinoar is.

Album Utbrocht op Label Single
Human Remains 13 maaie 2011 Nuclear Blast Save Us from Those Who Would Save Us
Curse & Chapter 22 novimber 2013 End ov Days

Kompilaasje-albums

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Album Utbrocht op
Land of the Living Dead 2005
EP


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: