Powerwolf

Ut Wikipedy
Powerwolf
band
Logo fan Powerwolf
Logo fan Powerwolf
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Dútsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 2004 – No
âld-leden Stéfane Funèbre drums (2004-2010)
Tom Diener drums (2010-2011)
leden
Sang Attila Dorn
Gitaar Matthew Greywolf
Toetsen Falk Maria Schlegel
Bas Charles Greywolf
Drums Roel van Helden

Powerwolf is in Dútske powermetalband oprjochte yn 2003 yn Saarbrücken. De band brocht yn 2005 syn debútalbum Return in Bloodred út. De teksten fan de band gean benammen oer wearwolven, tsjustere mearkes, horror, religy en seks. Powerwolf hat acht studio-albums en fjouwer live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Powerwolf yn 2018

Powerwolf waard yn 2003 oprjochten troch Charles Greywolf en Matthew Greywolf. Yn tsjinstelling ta it grutste gros fan de powermetalbands brûkt Powerwolf corpse-paint by harren shows, en tsjustere tema's yn harren teksten. Yn 2005 brochten se it album Return in Bloodred yn 2007 folge troch it album Lupus Dei. Yn maart 2010 nei it yn 2009 útkommen tredde studio-album Bible of the Beast ferliet drummer Stéfane Funèbre de band, en waard ferfongen troch Tom Diener earder fan Tomorrow's Eve. Mar nei in lyts jier yn maaie 2011 waard Diener alwer ynwiksele foar de Nederlânske drummer Roel van Helden earder fan Delphian. Yn july 2011 kaam it fjirde album Blood of the Saints op papier noch net mei de nije drummer van Helden. nei dit album binne der oant no ta noch fjouwer albums útkaam de lêste wie oant no ta it album Call of the Wild dêr't op de 2de-cd mei de titel Missa Cantorem, covers steane fan de nûmmers fan it sânde album The Sacrament of Sin mar dan mei gastmuzikanten sa is er in twadde ferzje fan de single Demons Are a Girl's Best Friend mar dan mei Alissa White-Gluz fan Arch Enemy op sang yn stee fan Attila Dorn.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Return in Bloodred 4 april 2005 Metal Blade
Lupus Dei 7 maaie 2007 In Blood We Trust
Bible of the Beast 27 april 2009 Raise Your Fist, Evangelist
Blood of the Saints 29 july 2011 Sanctified with Dynamite,
We Drink Your Blood
Preachers of the Night 19 july 2013 Napalm Records Amen & Attack
Blessed & Possessed 17 july 2015 Army of the Night,
Armata Strigoi
The Sacrament of Sin 20 july 2018 Demons Are a Girl's Best Friend,
Midnight Madonna,
Fire & Forgive,
Incense & Iron
Call of the Wild 16 july 2021 Beast of Gévaudan,
Dancing with the Dead

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Alive in the Night 13 maart 2012 Metal Hammer
Live at Masters of Rock 2016 Napalm Records
The Metal Mass - Live 29 july 2016
Preaching at the Breeze 6 jannewaris 2017

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
The History of Heresy I (2004-2008) 24 juny 2014
Best of the Blessed 3 july 2020

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: