Dimmu Borgir

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dimmu Borgir
Ic queue music 48px.svg band
Dimmu Borgir life yn 2005
Dimmu Borgir life yn 2005
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of Norway.svg  Noarsk
sjongtaal Ingelsk & Noarsk
sjenre Metal
bestean 1993
label(s) No Colours,
Cacophonous,
Nuclear Blast
webside dimmu-borgir.com
âld-leden Astennu (gitaar) (1997–1999)
Brynjard Tristan (bas) (1994–1996)
Nagash (bas) (1996–1999)
ICS Vortex (bas) (1999–2009)
Stian Aarstad (toetsen) (1993–1997)
Mustis (toetsen) (1998–2009)
Nicholas Barker (drums) (1999–2004)
Hellhammer (drums) (2005–2008)
leden
Sang Shagrath
Gitaar Silenoz
Gitaar Galder
Drums Daray
Toetsen Gerlioz
Bas Victor Brandt

Dimmu Borgir is in Noarske metalband dy’t yn 1993 oprjochte waard troch Shagrath, Silenoz en Tjodalv. De band is neamd nei in grut fulkanysk gebied op Yslân Dimmuborgir wat tsjuster fort of grimige stêd betsjut.

Dimmu Borgir spilet blackmetal it lûd fan de band kenmerket him foaral troch de stim fan Shagrath, en ynfloeden fan klassike komponisten as Richard Wagner en Antonín Dvořák, flugge drums en agressive gitaren en de symfoanyske synthesizer. De nûmers "Progenies of the great Apocalypse" en "Eradication instincts defined" binne sels opnaam yn gearwurking mei in orkest.

De earste twa albums waarden yn it Noarsk songen, mar om’t dizze albums in grut sukses wiene en in protte fan de fans gjin Noarsk sprutsen, waard der nei it útbringen fan it album "Stormblåst" mear yn it Ingelsk songen. In pear nûmers wurde noch altyd yn it Noarsk songen.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
For all tid 1995 No Colours
Stormblåst 25 jannewaris 1996 Cacophonous
Enthrone Darkness Triumphant 30 maaie 1997 Nuclear Blast
Spiritual Black Dimensions 2 maart 1999
Puritanical Euphoric Misanthropia 20 maart 2001
Death Cult Armageddon 8 septimber 2003 Progenies of the Great Apocalypse,
Vredesbyrd
In Sorte Diaboli 24 april 2007 The Serpentine Offering,
The Sacrilegious Scorn
Abrahadabra 24 septimber 2010 Gateways,
Dimmu Borgir
Eonian 4 maaie 2018 Interdimensional Summit,
Council of Wolves and Snakes

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Godless Savage Garden 4 augustus 1998