Gwar

Ut Wikipedy
Gwar
band
GWAR yn 2004
GWAR yn 2004
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1984 - No
label(s) Shimmy Disc,
Master,
Metal Blade,
DRT ,
Pit
webside gwar.net
leden
Sang Blöthar
Gitaar Pustulus Maximus
Gitaar BalSac, the Jaws of Death
Bas Beefcake the Mighty
Drums Jizmak Da Gusha

Gwar faak yn haadletters stilearre as GWAR, in Amerikaanske trashmetalband. GWAR waard yn 1984 yn Richmond oprjochte, mei in faaks wikseljende line-up fan muzikanten. De band stiet bekend om harren grouwélige en skokkende, mar faaks ek hilaryske teksten. De band brocht yn 1988 syn debútalbum Hell-O út.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

GWAR ûntstie yn 1984 doe 't Dave Brockie, sjonger fan de punkband Death Piggy, twa studinten fan de Virginia Commonwealth University tsjinkaam. Dizze twa, Hunter Jackson en Chuck Varga, hiene in produksjebedriuwke opset wêrmei 't se in film meitsje woene. Dizze soe Scumdogs Of The Universe hjitte. De trije besleaten om gear te wurkjen. Sa út en troch trede Death Piggy op mei de kostúms dy 't Hunter en Chuck foar harren filmprojekt makke hiene. Se treden dan op ûnder de namme "Gwaaarrrgghhlllgh". Dit waard letter ynkoarte ta GWAR. Der wurdt faak te ûnrjochte tocht dat it in ôfkoarting wêze soe fan "God! What an Aweful Racket".

Op 3 novimber 2011 ferstoar gitarist Cory Smoot op 34 jierrige leeftiid. Smoot wie better bekend ûnder it pseudonym Flattus Maximus. Yn maart 2014 ferstoar David Brockie op 50 jierrige leeftiid, oan in oerdoasis heroïne.

By de GWAR-B-Q 2014, it jierliks weromkommende eigen festival fan de band, waard de opfolger fan Dave Brockie presintearre. Michael Bishop, dy 't earder yn de jierren 80 en 90 al lid fan de band wie as basgitarist, soe de nije frontsjonger wurde yn de rol fan Blöthar.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Hell-O 11 septimber 1988 Metal Blade
Scumdogs of the Universe 8 jannewaris 1990
America Must Be Destroyed 31 maart 1992 The Road Behind
This Toilet Earth 29 maart 1994
Ragnarök 24 oktober 1995
Carnival of Chaos 25 maart 1997
We Kill Everything 6 april 1999
Violence Has Arrived 6 novimber 2001
War Party 26 oktober 2004 DRT
Beyond Hell 29 augustus 2006
Lust in Space 18 augustus 2009 Metal Blade
Bloody Pit of Horror 9 novimber 2010
Battle Maximus 17 septimber 2013
The Blood of Gods 20 oktober 2017
The New Dark Ages 3 juny 2022 Pit

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
You're All Worthless And Weak 9 april 2002 Slave Pit Inc.
Live from Mt. Fuji 31 maaie 2005 DRT
Scumdogs XXX Live 10 septimber 2021 Slave Pit Inc.

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
A Soundtrack to Kill Yourself To 1997
Slaves Going Single 2000
Let There Be Gwar maaie 2004