Doede Bleeker

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Doede Bleeker
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Doede Bleeker
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 14 augustus 1952
berteplak Starum
stoarn 18 maart 2018
stjerplak Starum
etnisiteit Frisian flag.svg Frysk
wurkpaad
sjenre popmuzyk
sjongtaal Starumersk
grutste hit(s) Switsokken
Skouderham
jierren aktyf ±19822018

Doede Bleeker (Starum, 14 augustus 1952 - dêre, 18 maart 2018)[1][2] wie in Frysk sjonger, dichter en skriuwer,[3] dy't de bynamme de Staverse Misthoarn hie.[3] Hy wie benammen bekend fan feestferskes as Switsokken en Skouderham, mar wie dêr net alhiel gelokkich mei, om't er ek serieuzere nûmers skreau en song. Njonken syn libben as artyst dreau Bleeker yn Starum in fiskhannel.[3]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bleeker waard yn 1952 yn Starum berne en bleau dêr syn hiele libben te wenjen. Hy wie fan berop fiskboer, mar sette begjin jierren tachtich, doe't er gjin wurk hie, útein mei it skriuwen fan ferskes, gedichten en ferhalen, benammen yn it Starumer dialekt fan it Stedsk, dat syn memmetaal wie.[3] In earste optreden op 'e strjitte yn Snits smakke him nei mear, en sadwaande begûn er faker as sjonger op te treden, wylst him ek frege waard en nim in LP op.[boarne nedich] Yn 1993 hied er in lytse rol yn 'e film De Kleine Blonde Dood fan Jean van de Velde.[3]

Dêrnei waard Bleeker ferneamder en syn muzyk, dy't goed oansloech, waard draaid op 'e tillefyzje en de radio. Op it Frysktalige muzykfestival Aaipop bêde er in oproerige dronken kliber jongerein del mei in spontaan optreden, en yn Beetstersweach rêde er krektsa in popfestival doe't dat troch min waar drige te bedjerren.[3] Op Omrop Súdwest hied er it radioprogramma Buutenstaanders, dêr't er 'ûnderwurdearre' muzyk draaide dy't net op lanlike stjoerders te hearren wie.[boarne nedich] Bleeker neamde himsels in Stedfryske trûbadoer, of ek wol de Singende Fisboer.[2] Syn bekendste bynamme wie de Staverse Misthoarn,[3] in oantsjutting dy’t troch himsels yntrodusearre waard neidat er yn de Ljouwerter Krante de Fryske Urbanus neamd waard.[boarne nedich]

Meitiid begûn Bleeker lykwols in tsjinsin by syn imago as feestfierder te krijen, en teffens by it lûdroftige feestpublyk.[3] Behalven feestnûmers as Switsokken en Skouderham hied er altyd ek al serieuzere ferskes skreaun, mar yn 2007 brocht er in cd út (syn lêste), mei inkeld fan sokke nûmers. Dy cd krige as titel Omarmd op Texel, en omfieme sawol âld as nij wurk. Dêrûnder wiene Bliif Nyt Soa Lang Fut, oer in freon fan sines dy't út it libben stapt wie, en Sij Ging Fut, oer de ein fan syn eigen houlik, yn 2001.[3] Bleeker wie der ûngelokkich mei dat Omrop Fryslân syn serieuzere muzyk negearre, sadat er tsjin wil en tank de man fan Switsokken bleau. Mei dêrom sette er de lêste tsien jier fan syn libben syn artystekarriêre op in leech pitsje en lei er him benammen ta op syn fiskhannel.[3]

Bleeker kaam op 18 maart 2018 yn de âldens fan 65 jier hommels te ferstjerren oan hertfalen.[3]

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Langspylplaten:

  • 1984 – Foor de fatsoensrakkers (Frigram)
  • 1987 – Rauwkost (Firgram)

Cd's:

  • 1991 – Ik bin in brulkikker
  • 1994 – Ontspoard
  • 1997 – Mengde gefoelens
  • 1998 – Foor de fatsoensrakker
  • 1998 - Sweefteef
  • 2007 – Omarmd op Texel

Ek is hy te hearren op tal fan oare cd's fan en mei oare sjongers.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Pretletters op de klaagmuur - Dichtbondel
  • Kopziekte - Ferhalebondel

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Troubadour Doede Bleeker op 65 jarige leeftijd overleden
  2. 2,0 2,1 Stjerberjocht Doede Bleeker, yn: de Ljouwerter Krante, 20 maart 2018, s. 34.
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 Haagsma, Jacob, Staverse Misthoorn was een gevoelige ziel, yn: de Ljouwerter Krante, 20 maart 2018, s. 3.