Autumn (band)

Ut Wikipedy
Autumn
band
Live yn Madrid
Live yn Madrid
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre metal, alternative en progressive rock
bestean 1995
prizen Fryske Poppriis (2003)
âld-leden Welmoed Fearsma (sang) (1996-1999)
Nienke de Jong (sang) (1999-2008)
Hilbrand van der Woude (drums) (1995-1996)
Bert Ferwerda (gitaar) (1995-2001)
Jeroen Bakker (gitaar) (1999-2001)
Jasper Koenders (gitaar) (2001-2005)
Menno Terpstra (toetsen) (1995-2005)
Meindert Sterk (bas) (1995-2005)
Jeroen Vrielink (bas) (2006-2012)
leden
sang Marjan Welman
gitaar Jens van der Valk
Mats van der Valk
Ronald Landa
bas Maurice van der Es
drums Jan Grijpstra
toetsen Jan Munnik
Marjan Welman (2009)
Nienke de Jong (2006)

Autumn is in Fryske alternative rockband. Autumn waard yn 1995 oprjochte en brocht yn 2002 har earste cd When Lust Evokes The Curse út. Yn de begjinjierren waard de muzyk fan Autumn ta de gothic metal rekkene, mar troch de jierren hinne brûkte de band mear ynfloeden út progressive rock en alternative rock.

Autumn bestiet út Jan Grijpstra (drums), Jeroen Vrielink (bas), Jens van der Valk (gitaar/sang), Mats van der Valk (gitaar/sang) en Jan Munnik (keyboards).

De band hat optreden op festivals as Wacken Open Air, Summer Breeze, Wâldrock, Dynamo Open Air, Fields Of Rock en op Graspop Metal Meeting.

Op 27 april 2007 kaam harren tredde album út: My New Time. Dat wie it earste foar label Metal Blade Records en it lêste mei sjongster Nienke de Jong. Yn febrewaris 2009 ferskynde it album Altitude dêr’t foar it earst Marjan Welman op te hearren wie. Begjin 2010 folge in tour troch Europa as ûnderstypjen fan de band ‘’The Gathering.

In novimber 2011 kaam it album Cold Comfort út, ynklusyf in fideoklip by it nûmer Scarecrow. Nei in lange stiltme fan acht jier kaam yn 2019 harren sechsde studioalbum út Stacking Smoke.

Priis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
When Lust Evokes the Curse 24 juny 2002 Epic
Summer's End 24 septimber 2004 The Electric Co. Gallery of Reality
My New Time 7 maaie 2007 Metal Blade Satellites
Altitude 13 febrewaris 2009 Metal Blade
Cold Comfort 4 novimber 2011 Metal Blade
Stacking Smoke 24 jannewaris 2019 Painted Bass Blackout
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Autumn (band)


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: