Springe nei ynhâld

Reboelje

Ut Wikipedy
Reboelje
band
Optreden yn Koudum út 2002
Optreden yn Koudum út 2002
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk
sjenre Pop,
Rock
bestean 19872003
leden
Durk Hogendorp
Tiede Lanting
Marius de Boer
Tsjerk Bootsma
Rommert Reitsma
Dizze side giet oer de Frysktalige band. Foar it begryp 'opstân', sjoch: rebûlje.

Reboelje wie fan 1987 oant 2003 in Frysktalige band. De groep makke net allinnich muzyk, mar mingde dy muzyk ek mei oare keunstfoarmen. Harren bekendste singel wie 'Marije Maria'.

De groep ûntstie doe't Rommert Reitsma, Durk Hogendorp en Tiede Lanting yn kontakt kamen mei Marius de Boer en Tsjerk Bootsma. De freonegroep oefene by boer Bootsma yn Kûbaard en einige op in talintejacht yn Assen op in dield earste plak. Troch de priis, in dei studiotiid, koe de groep fjouwer nûmers op kassette opnimme mei de titel 'Yn In Sabeare Wrâld'. Se treden in soad op, lykas by Aaipop en yn 1989 kamen hja mei de earste CD: Skepper fan de Skepper.

De groep waard lanlik net sa populêr, mar hie wol sukses mei optredens yn Frankryk en Ingelân. Yn 1994 waard de CD 'Medusa' presintearre mei in toanielopfiering mei swalkers, dwazen en pylgers. Yn 1996 folge de earste folsleine muzykteaterproduksje: 'De Brulloft'. Dit projekt omfieme film, dia’s, muzyk, toaniel en teäter. Yn 1999 spile de groep tegearre mei Femmes Vattaal op Oerol, yn 2001 spilen hja tegearre op Toerismo.

Yn 2002 gie Reboelje wer it téater yn, mei it programma 'Blau Paradys'. Op 'e nij mingde de band muzyk mei oare keunstfoarmen, yn dat programma wienen dat film, teater, byldzjende keunst en poëzy. Ek Three-ality die mei oan it programma. Dat jier waard Reboelje ek de Bernlefpriis takend, dy't de provinsje Fryslân dat jier ynsteld hie.

In jier letter, by de rockopera 'Gysbert, Gysbert', dy't yn 2003 as earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter Gysbert Japiks opfierd waard, luts Marius de Boer him werom om him te berieden op syn ynbring. Hy waard yn de rockopera ferfongen troch Tsaerd Nauta. Op 2 novimber 2003 hold de groep op te bestean. Fjouwer bandleden gongen troch ûnder de namme Swee, mar Marius de Boer beslút yn it earstoan te stopjen mei komponearjen en musisearjen. Lykwols begûn er yn 2005 as soloartyst Mariusz.

Reboelje hat fan 2004 oant en mei 2007 mei it liet Marije Maria boppe oan stien yn de Fryske Top 100. Ek yn de jierren dêrnei is de band heech yn de list fan de Fryske Top 100 te finen.

CD
  • 1987 - Reboelje yn in sabeare wrâld (demo)
  • 1989 - Skepper fan de Skepper folkrockalbum.
  • 1991 - 'Magysk Teater
  • 1992 - Simmersnie (miny-cd)
  • 1993 - De fûgel yn dy
  • 1994 - Medusa
  • 1995 - Flecht
  • 1996 - Merkeman (mini-cd)
  • 1996 - De Brulloft
  • 1998 - Hotel Reboelje (kompilaasje)
  • 1999 - Merkeman'
  • 2000 - De Oere 0 part 1
  • 2001 - Wûnslân
Singles
  • Marije Maria 1998
  • Sielesiik, B-kant fan de finylsingle 'de Swarte Ridder'
  • De Fûgel Yn Dy 1998
  • It Famke, de Hûn en de Houtkapper
  • Medusa (1994)
  • De Brulloft (1995)
  • Eilân yn de see 1999
  • Wûnslân
  • Blau Paradys
  • Gysbert Gysbert

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: