Marije Maria

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

'Marije Maria' is in liet fan de eardere folkrockband Reboelje.

De muzyk waard skreaun troch Tjerk Bootsma mei tekst fan Marius de Boer.[1] It nûmer ferskynde yn oktober 1998 foar it earst as single.[2]

Marije Maria stie fan 2001 oant en mei 2007 boppe-oan yn de Fryske Top 100. Dêrnei stie it oant 2018 altyd by de boppeste fiif nûmers fan de Top 100.[3]

Te hearren op[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fryske stjerre jûn (april 2010, DVD)
  • Fryske Stjerre jûn, útfiering troch Gerbrand Westveen, Nieuw Philharmonisch Orkest, Rients Gratama en Maaike Schuurman. (desimber 2007, DVD)
  • Fryske music night live: Het Friese muziekspektakel van 2006, útfiering troch Mariusz (maart 2007, CD)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân (febrewaris 2006, CD)
  • De oere 0 (novimber 2003, CD)
  • Fryske stjerrejûn (maart 2002, CD)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Webside Tjerk Bootsma
  2. Marije Maria - single, oktober 1998 Marista ‎– MCD 5430
  3. Muzykweb