Tjerk Bootsma
Appearance
Tjerk Bootsma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tjerk Bootsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1965 | |
berteplak | Readtsjerk | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop Rock | |
sjongtaal | Frysk | |
grutste hit(s) | Marije Maria |
Tjerk Bootsma (Readtsjerk, 1965) is in Frysk muzikant. Hy spilet akkordeon, basgitaar, blaasynstrumenten, fluit, gitaar en saksofoan.
Tjerk Bootsma spile earst yn de folkrockband Reboelje, dat sûnder frontman Marius de Boer yn 2004 fierder gie ûnder de namme Swee.[1] Fan Bootsma syn skreaune lietsjes is it nûmer Marije Maria it bekendst. Ek de De tunnel fan it ljocht, Sunder dy en Hein waarden bekend.
Under de namme Tjerk Bootsma Trio spilet er mei Tseard Nauta (bas, fioele, blaasynstruminten en toetsen) en Jacob Sijtsma (akkordeon). It trio spilet neist eigen wurk benammen nûmers fan Reboelje en Swee. In tal lietsjes fan Reboelje dy’t allinnich brûkt waarden foar teäterfoarstellings krigen in nij jaske fan it Bootsma Trio.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|