Springe nei ynhâld

Bernlefpriis

Ut Wikipedy

De Bernlefpriis is in Fryske kultuerpriis dy't nei fêststelling yn 1999 om de trije jier útrikt wurdt troch de provinsje Fryslân. Mei de Bernlefpris drukt de provinsje har wurdearring út foar artysten dy't in bysûndere bydrage leverje oan de Fryske (muzyk)kultuer. Dêrneist lit de provinsje sjen dat myzyk, neist literatuer,toaniel en foarmjouwing fan grutte betsjutting is foar de Fryske kultuer. De Bernlefpriis is bedoeld foar Frysktalige, fokale muzyk yn alle sjenres, foar in wurk en foar it hiele oeuvre fan in sjonger, groep en/of it wurk fan in komponist, arranzjeur en tekstdichter. De Bernlef-priis wurdt om bar útrikt foar lichte muzyk en foar earnstige, klassike muzyk. De priis bestie yn 2010 út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde.

Bernlef

Bernlef wie in bline skiedfertolker, dy't ± 790 libbe. Der is net folle oer him bekend, mar hat wol betsjutting hân foar de Nederlânske- en Fryske kultuerskiednis. Hy soe sels de auteur wêze kinne fan in midsiuwske evangelyske boek Heliand.

Oare Fryske kultuerprizen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: