Pyt van der Zee-priis
Appearance
De Pyt van der Zeepriis is in kultuerpriis fan de provinsje Fryslân en wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan ien dy't in soad docht of dien hat foar it amateurtoaniel. De priis is neamd nei regisseur Pyt van der Zee. It moat in bûtengewoane prestaasje wêze dy’t yn ferhâlding ta oare prestaasjes yn it amateurtoaniel opfallend posityf is. De priis fan € 2000 kin takend wurde oan persoanen, groepen en organisaasjes op it mêd fan amateurtoaniel, lykas rezjy, karmasterij, klaaiïng, dekôr, útfiering, spiler(s), selskip(pen), organisaasje(s), publikaasje(s).
Winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2022 - Wybo Smids, akteur
- 2017 - Berne Iepenloftspul Easterwierrum, teatergroep
- 2015 - Bouke Oldenhof, toanielskriuwer en teaterprodusint
- 2010 - Jan Arendz, akteur
- 2007 - Sult, teatergroep
- 2004 - Anny Veenstra, regisseur
- 2001 - Jeugdteaterskoalle Miuw út Ljouwert