Emiel Stoffers

Ut Wikipedy
Emiel Stoffers
sjonger en/of muzikant
Eamel de Hûnekop as seksy Eamel de Hûnekop yn de film Stjer
Eamel de Hûnekop as seksy Eamel de Hûnekop yn de film Stjer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Emiel Stoffers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 juny 1980
berteplak Uthûzen
wurkpaad
sjenre Punk
sjongtaal Frysk,
Ingelsk
ynstrumint Sang, Gitaar
jierren aktyf sûnt ± 1997
prizen Bernlefpriis (2014)

Emiel Stoffers (Uthûzen (Grinslân), 25 juny 1980) is sjonger, gitarist, tekstskriuwer en oprjochter fan de band De Hûnekop.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoffers groeide op as soan fan in feekeapman yn East-Grinslân en ferhuze nei Kollumersweach doe't er fjouwer jier wie. Hy wie al gau mei muzyk en fermaak dwaande. As njoggenjierrich skoaljonkje die er as Ingelske punkband Toy Dolls mei oan in playbackshow. Dêrnei stie er faker op it poadium en geniete fan toanielstikjes, mar ek fan sprekbeurten. Op syn santjinde jier kaam er yn Ljouwert op himsels te wenjen. Yn de Ljouwerter punkscene wie er te finen yn poppoadiums as De Gloppe yn Ljouwert en yn Iduna yn Drachten. Mei in tal maten foarme hy de hardcoreband Icepick. Icepick makke in tal platen en spile op Europeeske festivals. De muzyk en teksten wiene benammen basearre op lilkens. Hy begûn oan in stúdzje laboratoariumtechnyk, mar fûn himsels fierstente rûch foar de stúdzje. Stoffers wurke faak as útstjoerkrêft, en gie fan de iene skipmakkerij nei it oare. Syn ûnderfinings yn dat wurk wiene faak de boarne fan ûnderwerpen fan de ferskes. Hy spile dêr doe ek yn in metalbandsje. Letter hâlde er in jier yn Austraalje en Tailân ta en kocht er in akûstyske gitaar. As backpacker harke er in soad nei countrymuzyk fan Hank Williams en Johnny Cash en spile mei in tal Ieren en Ingelsken yn kroegen.

De Hûnekop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de Ljouwerters Bart Scheffers op drums en Rik Alstra op kontrabas waard yn 2010 De Hûnekop oprjochte. Datselde jier stiene se op it Freeze Festival. De nûmers Brúnwurker, Alderwetske Wâldpyk en Rûchhouwer waarden al gau populêr. De ûnderfinings en wurk yn de skipsbou foarmen de fiedingsboaiem foar de sels skreaune sjongteksten. De Hûnekoppers wiene it fleiswurden klisjee fan de arbeider út de Fryske Wâlden. De arbeiders- en rûchhouwerskultuer komt faak werom yn de teksten fan De Hûnekop. Stoffers praat en sjongt as in wâldpyk, mar om geef Frysk bekroadet er him net.

Nei't er wer ris sûnder wurk rekke, besleat er in eigen bedriuw op te rjochtsjen: Frisian Music. De earste CD fan De Hûnekop wie Raast oan de protters en ferskynde yn 2010. De twadde CD waard op 16 july 2011 presintearre op harren eigen festival yn Burgum.
Stoffers hâldt fan gekkichheid en donderjeien. It slagge him ek om mei in kampanje op sosjale media it liet Ik wie smoar fan syn freon Oele Plop op nûmer 1 fan de Fryske Top 100 te krijen. De ferkeapopbringst fan syn gitaar waard brûkt foar in nije rôlstoelbus foar in Koudumer dy’t syn âlde bus ferlern hie by in brân. [1]

De Hantsjegauwers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de namme de Hantsjegauwers treedt er mei in kollektyf bekende Fryske muzikanten op mei besteande Fryske nûmers yn in nij jaske. Lykas de housemuzyk fan De Doelleazen, Jitiizer en Strawelte as punk/pop. Sa wurde middle-of-the-road ferskes fan trûbadoer Frerik de Swetser, In nije dei en Fûgels omboud mar ek nûmers fan artysten as Anneke Douma en Gurbe Douwstra.

Eamel de Hûnekop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As Eamel de Hûnekop treedt er ek solo op foar hûskeameroptredens oant doarpsfeest. As Eamel de Hûnekop spilet er in seleksje út it Hûnekop repertoir.

Eamel Bôle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoffers brûkte de koronakrisis foar in karriêreswitch nei keunstskilder ûnder de namme Eamel Bôle.

Stjer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2019 begûn Stoffers oan de film Stjer. Yn dy aksjekomeedzje krige Stoffers yn syn haadrol as sjonger fan De Hûnekop stjerallueres. Yn syn omjouwing stjert de iene nei de oare Fryske stjerartyst. Hy wurdt dêr as sjonger fan De Hûnekop dan ek foar warskôge troch de plysje. Stoffers besiket om in Amsterdamske swalker, dy’t er ta syn persoanlike klusjesman beneamd hie, syn rol as sjonger ynnimme te litten, om sa út it fizier fan de moardner te bliuwen.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht yn Band Single(s)
Goldrush 2005 Icepick
It raast oan de protters 2010 De Hûnekop Brúnwurker,
Iets Dwars
Alderwetske Wâldpyk
Berenburg
Wanklanken fan 'e wurkflier july 2011 Rûchhouwer
Jappie Kommando
Moai smoar
Staasjerinner
Psalms foar de Rûchhouwer oktober 2012 Fersûp de Kater
Skite Yn'e Baas Syn Tiid
L.F.T.
Hurdfytser
De Klompetreen 2016 Juf Janke
Jild
Monsterachtich 2019 Stront Stjonkt

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: