In Nije Dei
In Nije Dei is de namme fan in ferske makke troch de Fryske popgroep De Kast. It ferske waard yn 1997 skreaun foar de film De Gouden Swipe fan Steven de Jong.
It ferske wie de grutte trochbraak fan de groep yn heul Nederlân. In Nije Dei kaam op 20 septimber 1997 yn de Top 40 en steech úteinlik troch nei it twadde plak, it hat al mei al 18 wike lang yn de hitlist stien. Yn de Mega Top 50 kaam it nûmer úteinlik op it tredde plak te stean. Fan de single fan In Nije Dei waarden 73.000 ferkocht.
It ferske kaam op de kompakt skiif De Kast Live te stean. Ek op 3X Gelredome (skiif II), Simmertime (de kompakt skiif fan Simmer 2000), In Carré en Kastkrakers stiet it nûmer.
Benammen de ferzje fan it optreden fan De Kast yn it Abe Lenstra Stadion waard tige populêr.
Hitnotearrings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
"In nije dei" yn de Nederlânske Top 40 -- yn: 23-08-1997 | |||||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Week | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | |
Nûmer | 30 | 13 | 11 | 4 | 2 | 4 | 3 | 3 | 4 | 9 | 9 | 10 | 12 | 15 | 15 | 19 | 29 | 29 | út |
"In nije dei" yn de Nederlânske Single Top 100 -- yn: 09-08-1997 | ||||||||||||||||||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Week | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
Nûmer | 69 | 29 | 19 | 19 | 10 | 6 | 5 | 4 | 3 | 3 | 4 | 5 | 6 | 8 | 8 | 10 | 14 | 15 | 20 | 23 | 34 | 33 | 32 | 37 | 43 | 44 | 52 | 63 | 65 | 69 | 86 | út |