Ik wie smoar
Appearance
'Ik wie smoar' is de earste single fan Oele Plop út Sumar.
Nei in promoasjeaksje op sosjale media kaam er mei de single Ik wie smoar ein 2018 nij binnen op nûmer ien fan de Fryske Top 100.
It nûmer ûntstie neidat Oele Plop yn syn loads it nûmer Because I got high fan Afroman hearde. Omdat er sels neat mei blowerij hie, ûntstie it plan om it high wêzen út it liet oan te passen yn smoar te wêzen fan bier.[1] Bier is in ûnderwerp dat folle tichter by in ‘wâldpyk’ stiet. Nei oerlis mei syn freon Emiel Stoffers fan De Hûnekop ûntstie Ik wie smoar . De sjonger fan it liet soe fan alles, mar hy wie smoar. It nûmer oer ‘it giele goud’ waard dan ek benammen draaid yn sûpketen, ek 'plophokken' of ‘dophokken’ neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |