It Dockumer Lokaeltsje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It Dockumer Lokaeltsje yn Ljouwert, 2018

It Dockumer Lokaeltsje is in band út Ljouwert. De namme fan de groep wie ûntliend oan in Fryske hit út de jierren 60, skreaun troch de doetiidske postkantoarhâlder fan Koatstertille, Anne van der Mark, dy't ferhelle fan it doe ferdwûne spoar tusken Dokkum en Ljouwert (Spoar fan Ljouwert nei Eanjum, it Dokkumer Lokaaltsje).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groep ûntstie yn 1982 op it Stêdlik Gymnasium y Ljouwert ûnder de namme Tropical Suicide. De band song yn farskate talen mar wurke ek oan in Frysk repertoire. Yn 1985 spile de groep yn it Steedlik Gymnasium, mar no as It Dockumer Lokaeltsje. Letter folgen noch optredens foar de radio en yn it VPRO-programma Jonge Helden.

It Dockumer Lokaeltsje bestiet út Peter Sijbenga, Sytze van Essen en Fritz de Jong. De earste gie letter by de band Deinum. De lêste twa makken ek diel út fan de hardcoreband Lul, dy't fierders bestie út de Ljouwerters Klaas Schippers en Empee Holwerda. Peter Sijbenga's koartswilige opmerking dat Lul einliks in ôfkoarting fan "Lui uit Leeuwarden" wie, waard benammen troch de skreaune media tankber oanpakt om de band L.U.L. te neamen.

Yn 1986 kaam de LP "Wil Met U Neuken!" út, dy't in soad omtinken fan de VPRO op radio en telefyzje krige. Yn 1987 ferskynde "Moddergat" en yn 1990 "It Dockumer Totaeltsje" op CD, in samling fan harren twa eardere LP's, mar ek oar wurk makke foar ûnder oare de radio.

Sûnt it begjin fan 2014 spilet de band sa no en dan wer live. Yn 2017 brocht de band har tredde studio-album út, ûnder de namme "Tonger".