Springe nei ynhâld

Fantômas

Ut Wikipedy
Fantômas
band
Fantômas yn 2005
Fantômas yn 2005
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1998 – No
label(s) Ipecac
leden
Sang Mike Patton
Gitaar Buzz Osborne
Bas Trevor Dunn
Drums Dave Lombardo

Fantômas is in metalband dy 't as njonkenprojekt oprjochte waard troch de sjonger fan Faith No More, Mike Patton gitarist Buzz Osborne fan Melvins, Trevor Dunn fan Tomahawk en Dave Lombardo fan Slayer. De band is ferneamd nei Fantômas, in supersmjunt dy't foarkomt yn in rige misdiedromans dy 't populêr wie yn it Frankryk fan foar de Earste Wrâldkriich, en yn films, benammen yn Frânske filmsearjes út de jierren 60. Yn 1999 kaam it debútalbum Fantômas út. Fantômas hat fjouwer studio-albums en ien live-album útbrocht.

Fantômas begûn krekt foar it yninoarstoarten fan Faith No More, as in rige krampeftige, avant-garde metal / grindcore-nûmers komponearre troch sjonger en bandlieder Mike Patton. Patton stjoerde de demo's dêrnei nei gitarist Buzz Osborne (fan Melvins), basgitarist Trevor Dunn (fan Tomahawk) en drummer Igor Cavalera (fan Sepultura), mei de bedoeling in supergroep te foarmjen. Cavalera sloech it oanbod ôf, mar advisearre wol wa't er tocht dat perfekt wêze soe foar it projekt: Dave Lombardo fan Slayer, dy 't it akseptearre. De band hat al syn albums útbrocht fia Patton's ûnôfhinklike label Ipecac, mar ynearsten wie der ynteresse fan ferskate promininte platelabels, benammen fanwege it kommersjele sukses fan Patton mei Faith No More.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Fantômas 27 april 1999 Ipecac
The Director's Cut 10 juny 2002 Experiment in Terror (Henry Mancini cover)
Delìrium Còrdia 27 jannewaris 2004
Suspended Animation 5 april 2005
Album Utbrocht op Label
The Director's Cut Live:
A New Year's Revolution
6 septimber 2011 Ipecac

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: