Dropkick Murphy's

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Dropkick Murphy's
Ic queue music 48px.svg band
Dropkick Murphy's yn 2011
Dropkick Murphy's yn 2011
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Punk
bestean 1996-no
label(s) Born & Bred,
Hellcat,
Taang!,
Dew Process
âld-leden Jeff Erna (drums) (1996-1997)
Mike McColgan (sang) (1996-1998)
Rick Barton (gitaar) (1996-1999)
Spicy McHagis (doedelsek) (2000–2003)
Ryan Foltz (mandoline & fluit) (2000–2003)
Marc Orrell (gitaar, akkordeon & banjo) (2000–2008)
Joe Delane (doedelsek) (2003)
Scruffy Wallace (doedelsek & fluit) (2003–2015)
leden
Sang Al Barr
Sang & Bas Ken Casey
Gitaar James Lynch
Gitaar & Akkordeon Tim Brennan
Fluit, Mandoline & Banjo Jeff DaRosa
Drums Matt Kelly

Dropkick Murphy's is in Amerikaanske celtic punkband oprjochte yn 1996 yn Quincy, Massachusetts. De muzykstyl fan de band is in kombinaasje fan Ierske folk en swierdere punkmuzyk. De oprjochters fan de band komme út in Iersk-katolike arbeidersbuert. It debútalbum fan de Dropkick Murphy's "Do or Die" kaam yn 1998 út.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste jierren (1996-1998)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dropkick Murphys waard oprjochte yn 1996 yn Quincy, Massachusetts en bestie ynearsten út sjonger Mike McColgan, bassist en sjonger Ken Casey, gitarist Rick Barton en drummer Jeff Erna. Jeff Erna soe it jier dêrop al ferfongen wurde troch Matt Kelly. De namme fan de band ferwiist nei in pleatslik ôfwenningssintrum.

Yn 1997 tekene de band in kontrakt by it platelabel Hellcat. Yn 1998 waard it debút-album útjûn, mei de titel "Do or Die". Datselde jier ferliet sjonger Mike McColgan de band. Syn rol waard oernaam troch Al Barr, earder fan de Bruisers.

1999 oant en mei 2003[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 brocht de band harren twadde studio-album “The Gang's All Here” út, it earste album mei Barr as sjonger. It album befette mear in hardcore-punklûd, en mear Ierske ynfloed as op har debút-album.

Wilens de opnamen fan it tredde studio-album yn 2000 besleat gitarist Rick Barton op te stappen, nei rûzje mei de oare bandleden. Nei it fuortgean fan Barton, waard Dropkick Murphy’s fersterke mei fjouwer nije bandleden, gitarist James Lynch earder fan Ducky Boys, gitarist Marc Orrell, mandoline en fluit spiler Ryan Foltz en doedelsek spiler Spicy McHagis. Mei dy nije line-up, brocht de band de rest fan 2000 troch mei opnames foar it nije album.

Dat album "Sing Loud, Sing Proud!" waard útbrocht yn 2001. De band naam trije shows op yn de Avalon Ballroom yn it St. Patricks Day wykein. It resultaat fan dy opname wie it earste live-album fan de band, "Live on St. Patrick's Day from Boston", dat yn septimber 2002 útbrocht waard.

Nei de toernee foar it album “Sing Loud, Sing Proud!” begjin 2003 besleat doedelsekspiler Spicy McHagis de band te ferlitten en waard ferfongen troch Scruffy Wallace. Mandoline en fluitspiler Ryan Foltz soe koart dêrnei ek fuortgean. Multi-ynstrumintalist Tim Brennan kaam om Foltz te ferfangen.

2004 oant en mei no[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 2004 en 2007 bringt Dropkick Murphys’s trije studio-albums út. Yn 2008 makket gitarist Marc Orrel bekend dat er de Dropkick Murphy’s nei acht jier ferlit. Tim Brennan ferfong Orrell as fulltime gitarist, wylst multi-ynstrumentalist Jeff DaRosa oankundige waard as nij lid fan de band. Op 10 july 2008 trede de band op yn LeLacheur Park yn Lowell, Massachusetts, dêr't dy show opnommen en útbrocht waard as harren folgjende live-album.

Yn april 2009 wiene de Dropkick Murphys op toernee mei Bruce Springsteen & de E Street Band op it poadium, en by de show frege gitarist Tim Brennan syn freondinne Diana om mei him te trouwen.

Yn 2014 gie de band nei Tulsa, Oklahoma. Krekt noardlik fan Austin, Teksas, wie de tourbus fan de band belutsen by in deadlik ûngelok doe 't in fuotgonger ynienen foar de bus de autodyk op fleach, de fuotgonger oerlibbe it net. De bus fan de band wie swier skansearre en harren sjauffeur wie te skokt oer de trageedzje om noch fierder te kinnen, wêrtroch 't de band harren optreden yn Tulsa annulearje moast. De twa acts dy 't pland wiene om te iepenjen foar de band joegen in fergeze show foar de fans op in oar plak yn Tulsa.

Yn 2015 kundige de band oan dat doedelsekspiler Scruffy Wallace, nei tolve jier by de band spile te hawwen, de band ferlitten hie yn begjin 2016. Lee Forshner ferfong Wallace as de touring - en opnamedoedelsekspiler fan de band, hoewol 't er net beskôge wurdt as in offisjeel lid fan de band.

Yn 2018 wie bassist Ken Casey belutsen by in motorûngelok en rûn slimme skea op oan in wringe. Dêrtroch ferlear er it gefoel oan syn fingers en koe er net mear bas spylje by de shows fan de band, oant er folslein better wie. De band wie der net wis fan oft Casey troch de blessuere oan harren simmertoer fan 2018 begjinne koe. Lykwols, Kevin Rheault, de âlde poadiumtechnikus fan de band, en dy 't yn it ferline foar oare bandleden ynfoel, folle de bas yn oant Casey folslein opknapt wie. Yn maart 2019 begûn Casey wer bas te spyljen. Yn 2021 waard it tsiende studio-album, “Turn Up That Dial” útbrocht.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Do or Die 27 jannewaris 1998 Hellcat
The Gang's All Here 9 maart 1999 10 Years of Service
Sing Loud, Sing Proud! 6 febrewaris 2001 Good Rats,
The Spicy McHaggis Jig,
The Gauntlet,
The Wild Rover
Blackout 10 juny 2003 Walk Away,
Fields of Athenry
The Warrior's Code 21 juny 2005 Sunshine Highway,
The Warrior's Code,
I'm Shipping Up to Boston
The Meanest of Times 18 septimber 2008 Born & Bred The State of Massachusetts,
Johnny, I Hardly Knew Ya
Going Out in Style 1 maart 2011 Going Out in Style,
Memorial Day
Signed and Sealed in Blood 8 jannewaris 2013 Rose Tattoo,
The Season's Upon Us,
The Boys Are Back,
Out of Our Heads
11 Short Stories of Pain & Glory 6 jannewaris 2017 Blood,
You'll Never Walk Alone (Richard Rodgers cover),
Paying My Way,
Until the Next Time
Turn Up That Dial 30 april 2021 Smash Shit Up,
Mick Jones Nicked My Pudding,
I Wish You Were Here,
Middle Finger,
Queen of Suffolk County,
L-EE-B-O-Y,
H.B.D.M.F.

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Live on St. Patrick's Day 10 septimber 2002 Hellcat
Live on Lansdowne, Boston MA 16 maart 2010 Born & Bred
Live at Fenway 2012

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
The Early Years 1998
The Singles Collection, Volume 1 23 maaie 2000
Singles Collection, Volume 2 8 maart 2005