Klinkhamer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Klinkhamer wie fan 1987 oant 1997 in Fryske ska-punk groep.

De band bestie út Foppe Land (trompet en sang), Jan van de Mossel (slachreau), Harm Boersma (drums), Gerben de Boer (trompet), Sytse van Essen (basgitaar) en Klaske de Hoop (tromboane). Sjoerd Plantinga kaam der as trompettist by. Foppe Land spile earder yn Strawelte en Sytse van Essen siet earder yn LUL, en It Dockumer Lokaeltsje.

De muzyk fan Klinkhamer wie in mjuks fan poppy punk en punky ska. Mei it spyljen fan dûnsbere, hurde en melodieuze muzyk, mar altyd stie de wille foarop.

Yn 1994 feroare der it ien en 't oar. Foppe Land stoppe, dat Sjoerd Plantinga naam de sang oer, Jan van de Mossel ruile it slachreau foar de gitaar. Erik Drenth naam it slachreau foar syn rekken en fierders kaam Gerben de Boer (trompet) derby. De band ûntwikkele him dêrmei mear fan ska- nei punkpopband. Nei in perioade wêryn de band neat fan him hearre liet wie dy der wer op it Joppefestival fan 2001.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aai, aai (single, 199?)
  • Ansie-Liek (CD-single, 199?)
  • Slaat nergens op (Mini-CD, 1992)
  • Danish girl (single, 1995)
  • Zinkt (CD, 1995)

CD's mei oaren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aaipop (1992)
  • Juster, hjoed of moarn ( 1995 )

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: