Grifformearde tsjerke (Rinsumageast)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grifformearde tsjerke
Rinsumageast, eardere grifformearde tsjerke.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flag of Dantumadeel.svg Dantumadiel
plak Wapen fan Rinsumageast.jpg Rinsumageast
adres Tsjerkestrjitte 4
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1902
arsjitekt Tjeerd Kuipers

De eardere Grifformearde tsjerke oan de Tsjerkestrjitte wie foarhinne it tsjerkegebou fan de grifformearde gemeente yn Rinsumageast.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1913 boud neffens in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers en ferfong de grifformearde tsjerke út 1888 oan de Thomas Sjolles Siniawei. Nei de foltôging waard de âlde tsjerke ferkocht oan de herfoarme dûmny, ûnder betingst dat it gebou gjin tsjerklike bestimming krije mocht. Nei it ôfbrekken fan it tuorke waard it tsjerkje in beukerskoalle en tsjintwurdich is der in Bêd en Brochje ûnderbrocht.

Yn de jierren 1994-1995 fûn der noch in ferbouwing plak yn de tsjerke, mar dêrnei naam de tsjerkegong yn Rinsumageast drastysk ôf. Fyftjin jier letter waard der besletten om de tsjerke ôf te stjitten.[1] Op snein 20 juny 2010 waard de lêste tsjerketsjinst holden.[2]

De tsjerke waard yn 2015 ferkocht en wurdt op it stuit ferboud ta Bêd en Brochje.[3] De preekstoel en it glês-yn-lead bliuwe yn de plannen bewarre.

De grifformearde gemeente gyng op yn de Protestanske Gemeente Claercamp en makket tsjintwurdich gebrûk fan de Aleksandertsjerke.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It relatyf jonge oargel fan de grifformearde tsjerke waard yn 1993 troch Sicco Steendam út Roodeschool boud. Foar de bou brûkte Steendam piipwurk fan it oargel fan Valckx & van Kouteren út 1937. It front fan it ynstrumint wie in ûntwerp fan Tjibbe Heidinga út Ljouwert.

De Hersteld Herfoarme tsjerke fan Kesteren kocht it oargel oan en dêr waard it ynstrumint nei de demontaazje yn 2013 mei in pear wizigings wer opboud. It front fan it oargel waard yn it ramt fan de ferpleatsing ferhege en krige in swarte kleur, sa't it ynstrumint yn de nije tsjerke better ta syn rjocht komt.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Friesch Dagblad, 10 july 2009
  2. [2] Friesch Dagblad, 15 maaie 2010
  3. [3] Friesland.blog.nl
  4. [4] Orgelsite.nl