Roodeschool
Roodeschool | ||
Grifformearde tsjerke frijmakke | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | It Hegelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.095 (2023) [1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 25' N 6° 45' E | |
Kaart | ||
Roodeschool (Grinslânsk: Roschoul; yn it Frysk soms Readeskoalle of Reaskoalle neamd) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân, mei in ynwennertal fan rom 1100 (2019). Oant 1979 hearde it ta de gemeente Uithuizermeeden. De namme Roodeschool soe ûntliend wêze oan de âlde doarpsskoalle (boud yn 1830) dy't reade dakpannen kie. Kenlik wie soks wat bysûnders, omdat der in hiel doarp nei neamd is[2].
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In bulte minsken tinke dat Roodeschool it noardlikste plak fan it fêstelân fan Nederlân is. Dat misferstân komt grif troch stasjon Roodeschool (sûnt 1893) oan de ein lei fan it Hegelânspoar, de noardlikste spoarline foar reizgerstreinen. Fan 2018 ôf leit Stasjon Iemshaven lykwols noardliker. Ek noardliker fan Roodeschool leit Oudeschip, offisjeel it noardlikst lizende plak fan it fêstelân fan Nederlân.
It eastlike diel fan Roodeschool hjit Oosteinde. Dit tsjerkedoarp wurdt tsjintwurdich as in apart plak beskôge. It gebiet oant de Groote Tjariet, dêr't Roodeschool en Oosteinde ta hearre, foarmje it eastlike diel fan de healannen fan Uithuizermeeden.
Yn it doarp steane ûnder mear twa basisskoallen, trije tsjerken en it doarpshûs. Yn it doarp sit ien hûsarts. Der binne meardere aktive ferienings. De grutste en meast aktive feriening is de fuotbalferiening Corenos, dy't mei mear as 240 leden op in ynwennertal fan 1300 relatyf grut is.
Roodeschool leit op in pear kilometer ôfstân fan de Iemshaven. Ferwacht wurdt dat de takomst dêrfan grutte ynfloed hawwe sil op de ûntwikkelingen yn Roodeschool. Alde sosjale wenningbou wurdt de kommende jierren stadichwei ferfongen troch de wenningkorporaasjes yn gearwurking mei de gemeente Eemsmond. De gemeente hat oankundige as nedich it bestimmingsplan oanpasse te wollen om útwreiding mooglik te meitsjen.
-
Earder hotel-kafee-restaurant Berg Calvaria
-
Eardere bakkerij
-
Pleats, Tilweg 21
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|