Springe nei ynhâld

Kaakhorn

Ut Wikipedy
Kaakhorn
Alde kolk mei pleats
Alde kolk mei pleats
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Kaart
Kaakhorn (Grinslân)
Kaakhorn

Kaakhorn (Grinslânsk: Koakhörn) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) , yn it noard-westen fan de provinsje Grinslân. It streekje leit fuortendaliks benoarden Westernieland oan in dearinnende dyk. De dyk rint oer de eardere âlde dyk út 1717. Hy hie yn 2008 60 ynwenners.

De namme fan 'e buorskip ferwiist nei de kaak dy't dêr yn eardere tiden stien hat. De kaak (skandepeal) stie op de horn (= herne) fan it doarp.

Kamp De Slikken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Monumint foar de omkomde arbeiders yn 1940

It kamp De Slikken by Kaakhorn is boud foar arbeiders fan de wurkferskaffing dy't yn de perioade fan 1939 oant en mei 1945 in diel fan de kwelder yndiken, de saneamde Polder de Slikken. Nei de oarloch krige de polder de namme Linthorst Homanpolder. Trettjin fan dy arbeiders en in bussjauffeur kamen yn 1940 om it libben doe't harren bus yn botsing kaam tsjin in trein op in ûnbeweitse spoaroergong fan de Marneline by Ranum. Tsien fan harren ferstoaren dêr. Foar de fjirtjin slachtoffers waard in eintsje benoarden Kaakhorn in monumint setten.[1][2]

In oantal fan de húskes yn Kaakhorn is direkt nei de Twadde Wrâldoarloch boud troch ynternearre NSB'ers, dy't opsluten wienen yn it kamp De Slikken[3] in kilometer benoarden de buorskip. Ien fan de barakken fan dat kamp is bewarre bleaun.

Troch Kaakhorn rint de Europeeske kuierrûte E9 dy't rint fan Portegal nei de Baltyske steaten. De rûte wurdt ek Waad- en Wierepaad neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Hegelân
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
· · Berjocht bewurkje