Springe nei ynhâld

Vierhuizen (It Hegelân)

Ut Wikipedy
Lizzing Vierhuizen yn De Marne
Vierhuizen fan de slieperdyk ôf sjoen.

Vierhuizen is in doarp yn Grinslân, yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne). It leit deun oan de slieperdyk fan de eardere Lauwerssee en wie oant 1927 in fiskersdoarp, lykas Sâltkamp. Troch it oanlizzen fan de Kerkvoogdijpolder ferlear it dy betsjutting. Dizze polder sleat it "gat" tusken de mear noardlike Westpolder (1875) en de Panserpolder. Yn 2008 hie it doarp 140 ynwenners en yn 2021 120.

Dy Panserpolder is neamd nei in boarch mei deselde namme dy't oant 1769 by it doarp hearde. No is it de namme fan in pleats op twa kilometer besuden it doarp.

By it doarp stie ek noch de boarch Bewsum, dy't om 1694 al sloopt waard; ek op dat stee stiet in pleats mei deselde namme. Tusken it doarp en dy pleats rint noch in tsjerkepaad.

De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Fjouwerhûzen.

De 13e iuwske tsjerke fan Vierhuizen is oarspronklik út dowestiennen oplutsen. Yn de rin fan de iuwen hat de tsjerke in soad te lijen hân fan waar en wyn, mei sâlt stowetter. Troch it winnen fan de BankGiro Loterij Restauratie-show (AVRO) koene it doarpstsjerkje en it oargel yn 2007, foar 920.000 euro, folslein opknapt wurde.

Troch it doarp rint de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Frysk Kustpaad neamd. De E9 rint bylâns de kust fan Portugal nei de Baltyske steaten.

De Wikipedy hat ek in side De Onderneming (Fjouwerhûzen).

Oan de râne fan it doarp stiet de nôtmole De Onderneming út 1858.