Eppenhuizen
Appearance
Eppenhuizen (Grinslannersk: Eppingehoezen, Eppenhoezen of Epmhoezn) is in lyts wierdoarp yn de gemeente It Hegelân yn Grinslân. It leit oan de wei fan de Iemshaven nei Uithuizen. Tusken de wei en it doarp stiet in yn 1882 boud sealtsjerkje, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as wenning. It tsjerkje is op it plak komd fan de ôfbrutsen midsiuwske tsjerke mei in dêrfan lossteande toer.
By it doarp begjint de Eppenhuistermaar, dy't by Zandeweer de namme Zandeweerstermaar krijt en op it lêst útrint yn it Bûterdjip.
-
It earder kafee Bos út 1928
-
De pleats Quatre Bras út 1880 oan de westkant fan it doarp