Springe nei ynhâld

Roodehaan (It Hegelân)

Ut Wikipedy
Brêge en brêgewachtershúske
It eardere fearhûs, no foarhûs fan in pleats
Camping, jachthaven en gersdakwenningen njonken de brêge
Dykkûpuere en skotbalkehúske

Roodehaan (Grinslânsk: Roohoan) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). It leit justjes besuden Warfhuzen en benoarden fan Saaksum oan de bocht fan it Ryddjip om de súdliker lizzende Saaksumerpolder. It bestiet út in brêge, brêgewachterswente, earder fearhûs, camping en noch in pear huzen.

Iuwenlang koe by Roodehaan oant 1906 mei in pontfear it Ryddjip oerstekke wurde. It wie as sadanich ien fan de wichtichste ferbinings tusken Westerkertier en Hunzegoa. Oankocht fee waard hjir oersetten fan Hunzegoa nei Westerkertier of ynskippe foar fierder transport nei Fryslân, Hollân of sels foar eksport nei Ingelân.

It buorskip is neamd nei it fearhûs, dat al yn 1622 neamd wurdt. Om 1800 wie dit fearhûs yn hannen fan Jan van Julsinga, dy't de beskikking hie oer roeiboat foar persoaneferfier en in skou foar swiere fracht of gruttere oantallen persoanen. Yn 1825 waard it fearhûs ferwoaste troch in swiere febrewarisstoarm, mar iet waard werboud. Letter waard Julsinga boargemaster fan Wehe-den Hoorn. Yn 1906 waard lykwols in draaibrêge oanlein wêrtroch't itfear oerstallich waard. By de brêge waard yn datselde jier in brêgewachterswenning boud. It fearhûs slute har diarren yn 1921. Dêrnei waard it brûkt as wetterherberch troch wetterskip Ryddjip en letter waard it in boerepleats.

Efter it brêgewachtershûs kaam letter in kamping fan 2 hektare mei in lytse jachthaven, direkt oan it Ryddjip. Yn de jierren 2000 waard de kamping (nei in juridyske proseduere) útwreide en waarden der in tal fakânsjehuzen mei gersdakken byboud. In eintsje foarby it eardere fearhûs leit in kûpuere yn de eardere slieperdyk mei in skotbalkehúske, wêrefter de âlde bebouwing fan Roodehaan leit; eartiids lei allinnich it fearhûs bûten de slieperdyk. Oan de oare kant fan it Ryddjip leit in trelerhelling en de ierdgaslokaasje "Saaksum".

Brêge en brêgewachtershûs binne oanwiisd as yndustrieel erfguod. Der besteane lykwols plannen om de brêge te ferfangen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Hegelân
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
· · Berjocht bewurkje