Lutje Saaksum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pleats 'Lutje Saaksum'

Lutje Saaksum is in buorskip yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It leit bewesten Baflo.

Lutje Saaksum is tsjintwurdich allinne in bewenne hûswierde. Op de wierde stiet ien pleats: Lutke Saaksum. Yn it ferline hat it plak in kerspel west. De tsjerke is al yn 1468 ôfbrutsen.

Justjes súdeastlik fan Lutje Saaksum stie eartiids de Saaksumboarch of D'Eest. Dy boarch waard foar it earst fernijd yn 1672, mar ûnstie wierskynlik al earder út in grutte heerd, dy't mooglik foar 1606 en faaks al foar 1567 boud waard.

Lutje of lutke is Grinslânsk foar 'lyts'. Saaksum tsjut faaks net op Saaksum, mar op Saaksumhuzen.