Springe nei ynhâld

Skouwen (It Hegelân)

Ut Wikipedy
Skouwen
Schouwen
Pleats (1910) en húske by Skouwen
Pleats (1910) en húske by Skouwen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal100 (2008)
Oerflak0,14 km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 19' 48" NB, 6° 26' 22" EL

Skouwen (Nederlânsk en offisjeel: Schouwen) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn it noarden fan de provinsje Grinslân. It leit oan de wei fan Roodehaan nei Skouwersyl en bestiet út in twatal pleatsen op in wier oan de noardouwer fan it Ryddjip yn de yndike Skousterpolder.

De iene pleats is fan 1910 en hat in moai foarhûs en in omgrêfte moai oanleine tún (oansluten by de stifting 'It Túnpaad Op'). Foar de oprit oer stiet noch in húske. De pleats oan de oare kant fan de wei lei oant begjin 19e iuw tichter by de wei, mar waard nei in brân fierder fan de wei ôf werboud yn 1836. Skean foar dy pleats oer stiet noch in húske, wêrefter begjin 20e iuw noch twa letter sloopte húskes stienen.

Skouwen komt fan Schuwum en betsjut plak fan skowen (oersette), ek brûkt foar in fuotfear of in skipstype skou.

Noardlik fan de buorskip leit de Kromme Raken (ek Skouwersylsterryd of Skouwersyldjip neamd). Ut Skouwen wei rûn eartiids in tsjerkepaad nei Warfhuzen oer de eastersingel fan de ôfbrutsen Gaykingaboarch.

It Hegelân
Doarpen:
Adorp • Den Andel • Baflo • Bedum • Eenrum • Eppenhuizen • Hornhuizen • Houwerzijl • Kantens • Kleine Huisjes • Kloosterburen • Lauwerseach • Liens • Mensingeweer • Riich • Niekerk • Noardwâlde • Aldesyl • Onderdendam • Eastein • Oosternieland • Piterbuorren • Raskwert • Roodeschool • Rottum • Saaxumhuizen • Sâltkamp • Sauwerd • Startenhuizen (foar in part) • Stitswert • Súdwâlde • Tinallinge • Uithuizen • Uithuizermeeden • Uitwierde • Ulrum • Uskwert • Vierhuizen • Warffum • Warfhuzen • Wehe-den Hoorn • Westerdijkshorn • Westernieland • Wetsinge • Winsum • Zandeweer • Zuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen • 2e Nijhoezen • 't Aagt • 't Lage van de Weg • 't Houweel • 't Stort • 't Wildeveld • Abbeweer • Aldedyk • Alinghuizen • Arwerd • Barnegaten • Bellingeweer • Bethlehem • Beusum • Bokum • Breede • Broek • De Dingen • De Hoogte • De Horn • De Houw • De Raken • De Streek • De Vennen • Den Hander • Den Haver • Deikum • Doodstil • Douwen • Duisterwinkel • Eelswerd • Elens • Ellerhuizen • Ernstheem • Ewer • Falom • Flydoarp • Griissleat • Groot Maarslag • De Haar • Hammeland • Harssens • Hefswal • Hekkum • Helwerd • Heuvelderij • Hiddingezijl • Holwinde • Iemshaven • Kaakhorn • Katershorn • Kattenburg • Klei • Klein Garnwerd • Klein Maarslag • Kolham • Koningslaagte • Koningsoord • De Knijp • Kruisweg • Lienstertillen • Lutje Marne • Lutje Saaksum • Lutjewolde (foar in part) • Maarhuizen • Menkeweer • Menneweer • Midhalm • Nijenklooster • Noordpolder • Noardpoldersyl • Obergum • Oldenzijl • Oldorp • Onderwierum • Oosterhorn • Oosterhuizen (Eenrum) • Oosterhuizen (Súdwâlde) • Oudeschip • Paapstil • Panser • Plattenburg • Polen (foar in part) • Ranum • Reidland • Roodehaan • Schapehals • Schaphalsterzijl • Schilligeham • Skouwen • Skouwersyl • Sint Annerhuisjes • Takkebos • Ter Laan • Tijum • Valcum • Waadwert • Walsweer • Westerhorn (De Marne) • Westerhorn • Westerklooster • Westpolder • Wierhuizen • Wierum • Willemsstreek • Zevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het Bultje • De Hucht • Midhuizen
Wetter:
Broekstermaar • Delthe • Grutte Tsjaryt • Hoornse Vaart • Houwersylsterfeart • Hulpkanaal om Obergum • Hunzegoakanaal • Koksmaar • Kromme Raken • Oude Diepje • Ryddjip • Stitswerdermaar
· · Berjocht bewurkje