De namme Uithuizen betsjut hûzen út de wierde, dat wol sizze de earste hûzen dy ‘t net op, mar neist de wierde Brunwerd boud binne. Brunwerd krige hjirtroch de namme Oldorp (it âlde doarp). De kearn fan Uithuizen bestiet út in langhalige wierde dy’t fanâlds Opryp neamd waard. By Uithuizen hawwe de stienhûzen en boargen Almersma, Aylbada, Engersum, Ringeweer en Takuma stien. De wichtichste boarch wie lykwols de noch altyd besteande Menkemaboarch.
Uithuizen is oer de wei ûnder mear berikber oer de provinsjale diken 363 en 999. Boppedat hat it doarp in treinstasjon oan it spoar fan Grins nei Iemshaven.