Flydoarp

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Fliedoarp op de lânkaart fan Blaeu út 1648

Flydoarp (histoarysk: Fledorp, Grinslannersk: Vliedörp, Nederlânsk: Vliedorp ) is de namme fan in streek even benoarden Houwersyl yn de gemeente It Hegelân (oant 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It leit fuort benoarden de Houwersylsterfeart en besuden it dykstreekje (earder wetterrin) Flakke Ryd.
It is ek de namme fan it wierdedoarp dat hjir lei oant healwei de 17e iuw. Yn 1651 waard it doarp tsjerklik feriene mei Houwersyl, omdat it amper noch wat foarstelde. De tsjerke en it tsjerkhôf bleaunen yn gebrûk.

Nei 1695 waard de tsjerke troch ferfal net mear brûkt en is koart dêrnei ôfbrutsen. Troch de Krystfloed fan 1717 luts de al ôfnimmende befolking noch hurder fuort, nei it doarp Nijtsjerk. It tsjerkhôf bleau lykwols noch oant 1868 yn gebrûk, sadat der de nuvere omstannichheid wie, dat it doarp Houwersyl syn deaden sa'n 2 km bûten it doarp begroef op in plak dat faak allinnich oer de Houwersylsterfeart mei de boat te berikken wie.

It noardlik diel fan de wierde waard ein 19e iuw ôfgroeven om de fruchtbere grûn, wêrtroch't it noardlike stik fan it tsjerkhôf no op meanfjildhichte leit. Yn 1999 waard de wierde renovearre. It Wierdetsjerkhôf yn Flydoarp mei 12 grêfstienen is der noch altiten en wurdt beheard troch It Grinslanner Lânskip. Nei de oanlis fan in fytspaad yn de ruilferkaveling is it plak wer oer lân te berikken.

Yn de folksmûle hjit de wierde fan Flydoarp Ol Weem, ek stavere as Olle Weem of Olweem. Weem komt fan it Aldfryske wetheme en betsjut tsjerklik besit. Ol komt fan âld.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]