Wehe-den Hoorn

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De roomsk-katolike tsjerke fan Wehe-den Hoorn

Wehe-den Hoorn (Grinslânsk: 't Hörn-Wij of Wij) is in doarp yn de gemeente De Marne yn Grinslân (Nederlân).

It doarp bestiet út twa dielen, Wehe, om de wierde hinne en Den Hoorn by it kanaal de Hoarnsefeart.

Tsjerklik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wehe is fanâlds mest herfoarme, krekt as it grutste part fan it Hegelân. Den Hoorn is in katolike enklave, en de âldste parochy fan dy kriten. Sy waard as skûltsjerke stichte troch de jonker fan de Lulemaboarch yn Warfhuizen, dy't stiiffêst wegere de reformaasje te folgjen. De Sint-Bonifatiustsjerke, de opfolger fan in ienfâldige tsjerke yn neoklassisistyske styl, datearret út 1926 en waard ûntwurpen troch Joseph Cuypers en en syn soan Pierre Cuypers jr. yn ekspresjonistyske styl dy't ynfloed sjen lit fan it wurk fan de arsjitekt Dom Bellot. Oars as de Willibrordusparochy fan Kloosterburen is de Hoarnster parochy in diasporaparochy: hast alle doarpen fan de Marne falle ûnder har jurisdiksje.

Wehe-den Hoorn is ek it startplak fan de prosesjes nei Us Leaffrou fan de Besletten Tún yn de klúskapel fan it beafeartplak Warfhuizen.

Prosesje fan Wehe-den Hoorn nei De Drôvige Mem fan Warfhuizen

Starkenborgh[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Justjes benoarden it doarp stie ea de boarch Borgweer of de Starkenborgh, it stee fan de famylje Tjarda van Starkenborgh Stachouwer. De eardere herfoarme tsjerke fan Wehe har oantinkens oan dit aadlik laach, sa as wapenskylden en in grêfkelder. It Van Starkenborghkanaal is nei in lid fan dizze famylje neamd.

Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Europeeske kuierrûte E9, pleatslik North Sea Trail of Waad- en Wierdenpaad hjitten, rint troch it plak. De E9 rint - de kust by del - fan Portugal nei de Baltyske steaten.