Piterbuorren
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Haadstrjitte, lofts kafee Het wapen van Hunsingo (eartiids Hotel Hunsingo, no Bij de buren van Pieter
Piterbuorren (Nederlânsk en offisjeel: Pieterburen; Grinslânsk: Paiderboeren) is in plak yn it noarden fan de provinsje Grinslân, yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). Op 1 jannewaris 2008 hie it doarp 379 ynwenners.
Piterbuorren wurdt foar it earst yn 1371 yn in oarkonde neamd: de parochianen van Sint Pieter in het nieuwe land.
De earste fernijing fan de tsjerke fan Piterbuorren is fan 1448.
It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De goatyske Petrustsjerke mei in pneumatysk oargel yn de kast fan it Schnitgeroargel en houtfykwurk fan Allert Meijer en Jan de Rijk.
- De botanyske geatún, Domies Toen.
- De nôt- en pelmûne, De Vier Winden, út 1846.
Nijsgierrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Yn Piterbuorren is de bekende seehûnekresj fan Lenie 't Hart.
- It doarp is in startplak foar waadrinners.
- Justjes benoarden it doarp stie oant 1903 de boarch Dijksterhuis.
Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- By kafee Bij de buren van Pieter begjint (of einigt) it Piterpaad.
- Troch it doarp rint de Europeeske kuierroute E9, hjir North Sea Trail of Waad- en Wierdenpaad neamd.