Springe nei ynhâld

Stasjon Uithuizen

Ut Wikipedy
Stasjon Uithuizen
Station Uithuizen
Stasjon Uithuizen (2012)
Stasjon Uithuizen (2012)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
plak Uithuizen
adres Stationsstraat
arsjitektuer
stasjonskoade Uhz
type GLS 2e klasse
iepening 16 augustus 1893
boujier 1893 1e stasjonsgebou
1973 abry
2000 2e stasjonsgebou
sloopjier 1973 stasjonsgebou
arsjitekt 2000
2e stasjonsgebou
Olga Arsjitekten
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 1
spoarline Hegelânspoar
Stasjon Uithuizen (1970)
Stasjon Uithuizen (1970)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Uithuizen (Grinslân)
Stasjon Uithuizen

Stasjon Uithuizen (Uhz) is in spoarweistasjon yn it doarp Uithuizen yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It waard iepene yn 1893 oan it Hegelânspoar fan Sauwerd nei Roodeschool dat yn 2018 trochlutsen waard nei Iemshaven.

It oarspronklike spoarweistasjon fan Uithuizen wie in Standerttype GLS 2e klasse, boud yn de jierren njoggentich fan de 19e iuw, en ien fan de trije stasjons dy 't ea fan dit type boud waard. In ienfâldich laach rjochthoekig gebou mei allinne de needsaaklike stasjonsfoarsjinningen. It stasjonsgebou waard yn 1973 ôfbrútsen en ferfongen troch in abry. Yn 2000 waard der op it plak fan it earste stasjonsgebou in nij ienfâldich stasjonsgebou mei in grutte luifel delset nei ûntwerp fan Olga Arsjitekten, mei dêryn in sportskoalle en in wachtromte.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
RS 4
37600
Stoptrein (Arriva) GrinsUithuizenRoodeschoolIemshaven Fjouwer of fiif treinen deis fan en nei Iemshaven

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: